Eppie Dam

krekt as sokrates

logo.ensafh

 

 

fragen op libben en dea
teplak yn it hûs fan ’e hear

op ’e terp fan sondel
stiet in kiste foaryn tsjerke
achteryn dogge knol en ik
krekt as sokrates
dy dei in flinke sint
yn it filosofys ponkje

hoest mei dij seit knol
ik kich en sis nei fermogen
fan ’e bank kloaten fan ’e bok
knol set mij teplak en seit
mar better as mei kobus

op it hôf fan sondel
lizze we it omskot fan ’e dichter
tichter noch bij god as ik
en safolle wit ik wol fan knol
en mij: wij sykhelje noch frij
aardich as in jefte fan it libben

bij de kofje en de keek
sjoch ik knol net mear
wylst kobus yn ’e himel
de moaie bút oan stjerren
al lang en heech fersilvert

letter jou ik thús
myn lêste pinning oan
in wilsferklearring út

2 reaksjes op “krekt as sokrates

  1. Eppie, wat een mooie woorden heb je gevonden in het terpkerkje van Sondel. Die van jou gaan nog heel lang mee, evenals die van Kobus.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *