Teleks: Nominearren Fedde & Martha Bergsma Priis 2025 bekend

logo.ensafh

Tsjerk Bottema, Broer Jorritsma en Wessel de Vries binne nominearre foar de Fedde & Martha Bergsma Priis 2025. De priis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt.

De priis beleannet de bêste Fryske toanieltekst mei in jildbedrach fan € 2.500. Yn oanmerking komme allinich oarspronklik Frysktalige toanielstikken dy’t skreaun binne yn dy perioade. Of it stik al of net opfierd of publisearre is, is net fan belang. Tsjerk Bottema is nominearre mei it stik Paspoart, Broer Jorritsma, mei it stik In saak fan libben en dea en Wessel de Vries mei it stik Thúsblaze.

Lês fierder by de Moanne

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *