Dirkje Brouwer

Tink it om

logo.ensafh

It is der net te wêzen. It is dêr ysbaarlik kâld. Net sa’n bytsje ek. De gemiddelde temperatuer leit by -69°C. Der binne bergen, falleien en gletsjers. Der is in noardpoal om jaloersk op te wêzen want troch en troch beferzen. It lân is okergiel en fynst der ek fulkanen. De loft is der iler as op de Mount Everest. Gjinien wol der op fakânsje. Net ien hat dêr nocht oan. No oerdriuw ik. Dit moat ik nuansearje – ek al is dit in kollum – gjinien hat der nocht oan mei syn ferstân op it goede plak. Sels it lokkerke dat je der alle dagen in healoere by krije en de seizoenen der langer duorje, helpt gjin normale stjerling oer de streek. Je hoege der nammentlik net te rekkenjen op winterteannen, want je teannen binne der al ôfferzen foardat je der erch yn hawwe. Der erch yn hawwe sit der lykwols ek net yn, want al nei fyftjin sekonden silst dyn bewustwêzen ferlieze. Dat komt omdat der wat basaals mist, lykas genôch soerstof yn ’e loft. Op dizze planeet in koloanje starte betinkt allinnich immen dy’t briljant is, mar syn sûn ferstân al in hiel skoft lyn ferlern hat. Elon Musk wol serieus nei Mars. Underwilens witte wy – spitigernôch – dat er wat er yn ‘e kop hat, net yn ‘e kont hat. Der binne we moai mei oanklaud. It is sa’t it is. Dêrom sit der neat oars foar ús op as dat we ‘omtinke’ moatte. Dat is in raazje dy’t alwer in skoftke út is, mar de need is oan ’e man dus trendy wêze moat mar efkes wachtsje. ‘Omtinke’ is net soks as tink derom, mar mear, tink it om. Dan komt de oplossing fansels. Dêrom moatte wy Musk stypje yn syn dream: gean nei Mars. Gean mei pre-pensjoen! Live your dream. You can do it. The sky is the limit. Reach fort he stars. Touch them! You are Ironman. You are a superstar. The earth is to small for you’re terrific brain. You are to much for this world. Let the universe know who you are. Mars is dying to meet you. We sizze der net by dat de ierde him wol misse kin en we sizze ek neat oer pinemûle. Wy kinne him fansels net samar gean litte, ik fyn dat er wol wat meinimme mei. En dat is syn favorite letter X. Binne wy fuort ferlost fan dat platfoarm dêr’t desynformaasje de boppetoan fiert en rassistyske ynhâld sûnder ophâlden ferspraat wurdt. SpaceX wurdt gewoan wer space want we hawwe in hiel soad ferlet fan romte en de loft wurdt ekstra blau, want elkenien is no @bluesky. Boppedat hâlde we alle oare letters fan it alfabet oer. Wy kinne bêst sûnder de X. Nim no it Ingelske wurd sex. Seks snapten we yn Fryslân altyd al. Wy kinne ek bêst wol wenne oan Willem Aleksander en Maksima. Dat slagget wol. Dat kinne we. Wêrom hiene wy eins de X. Wat in rare letter is dat eins? Soms is minder mear, hielendal yn dit gefal. ‘Leven en laten leven’, mar dan wol graach op in oare planeet.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *