Jemke Visser

Jan Pierewiet

logo.ensafh

Net iens sa lang lyn snijde it noch en no wurdt der hagel foarsein. Ik tocht oan:  Hagel en sneeuw, onweer, wind en regen, deren ons niet, we kunnen er wel tegen, lach er maar om, en stap er flink doorheen, ’t is pech, maar zeg als straks de zon weer scheen, la la lalala …!

It komt út ‘Jan Pierewiet, ’n Bundel liedjes voor school en leven’. Foar de earste kear útjûn yn 1933 belibbe it oant 1972 mar leafst njoggentjin werprintingen. Ik ha in fiifde út 1943, like âld as ik sels dus. Der wie wat de kar fan lieten oanbelanget ek sprake  fan gearwurking mei de eartiidske Jeugdherbergcentrale: ‘Daardoor is Jan Pierewiet de metgezel geworden van jonge en oudere trekkers, die op hun tochten  in de kamphuizen en rondtrekkend langs bossen en velden behoefte hebben aan gezellige liedjes’, sa stiet yn it foarwurd, ‘Liederen die zich er speciaal voor lenen er op te marcheren zijn met een sterretje aangegeven’, sa as  bygelyks De paden op de lanen in.

Wa is der net mei grut wurden, want ek op de legere skoallen waard der in soad gebrûk fan makke. Ik wit noch dat master my warskôge: ‘Let het loze Vissertje ook even op?’ ( Des winters als het regent en het loze vissertje met sine leren leerzjes an). Mar ek fan hûs út binne we der mei opgroeid. Yn ’e jierren tritich wiene myn âlden ‘Jeugdherbergvader en -moeder’ fan Us Blau Hiem yn Appelskea, it ferneamde ûnderkommen foar de JVO (Jeugdbond voor Onthouding).

Nee, der kaam gjin drip drank oan te pas. Lykas einliks ek net yn ’e AJC, de SDAP jongereinferiening. Dêrom ergere it lieder Koos Vorrink doe dat de JVO benammen yn Fryslân sa grut wie, want wêrom net opgean yn syn AJC?

Dêr hie Jan Pierwiet gjin boadskip oan, dy wie der foar eltsenien. Frjemdernôch ûntbrekt er sels: Jan Pierewiet, Jan Pierewiet, waar kom je vandaan, Van de poesta’s van de pampa’s van de meridiaan … Zet je hoedje opzij, maak een dansje met mij, Tussen lust en plezier draait het leventje hier, stiet der net yn.  Miskien te frivoal, te wrâldsk?

It is ek net dúdlik wa’t Jan Pierewiet krekt wie. Stie er model foar in losbol? Ut de idealistyske tinkwrâld wei, benammen yn de SDAP, moast men  neat ha fan lolbroekerij dêr’t drank by yn ’t spul wie. Ek de Nederlandse Jeugdherbergcentrale (NJHC) die  alle war om dat tsjin te gean, mei dus ek in eigen lietebondeltsje. Noflik en ferdraachsum mei elkoar omgean wie it devys. Sa as yn in húshâlding, net foar niks waarden de jeugdherberg-behearders ‘Vader en Moeder’ neamd.

Hoe fleurich it  der yn sommige lieten ek om en ta giet, ferwizings nei wyn as bier, lit stean dronkenskip, komme sporadysk foar, yn Holle Bolle Gijs … die kon schrokken, grote brokken, een os en een stier, zeven tonnen bier …  Mar yn De Scheresliep: Komt vrienden in het ronde,  durft de smid, gestadig voor het vier zich niet te vesterken met eene kan goed bier.  De soldaatsjes dy’t Annemarieken (waar gaat gij naar toe) – beminne sil, al likemin. Ain boer wol  noar zien noaber tou, hai boer hai …   nee wief doe most toeze bliev’n,  krige fan syn wiif in klap op ’e kop, gjin slokje.

Yn de  ‘Boerenbruiloft’ dreunt tot vroeg van ’t dansen het oeroude huis. Dan brengen de jongens de meisjes naar huis. Der wurdt  dûnse en songen, mar gjin wurd oer wyn en bier, wylst der yn tal fan Hollânske lieten omraak sûpt wurdt. Sa as yn Brederodes ‘Boerengezelschap’:  men riep om wijn, het most zo zijn, want Miewes en Trijntje, die zoete slechte slooi die liepen met mekander uit ’t huis in ’t hooi, met zulk geflikkeflooi en zulk gewroet, en oan ’e ein trok Aalwerige Arend – sa dronken as in kanon –  het ierste mes, teuge Piete Krankhoofd en Korzelige Kes…

Nee, sokke taferielen fine je net yn Jan Pierewiet. Mar wol wulpske frijerijkes, sa’n ôfkear fan ierdsk geniet wie der dus ek wer net. Soe it te krijen hawwe mei alle ellinde dy’t  drankmisbrûk ûnder benammen ‘de verworpenen der aarde’ oanrjochte hie?

Poetin skrast ferskes dy’t yn syn eagen tefolle nei it frije Westen lonkje. Yn Amearika bart troch  godsfruchtige republikeinen itselde as bern miskien ta ferkearde gedachten oantrúnd wurde. Dat falt hjir wol wat ta. De uil die in de perenboom zat en  Kom mee naar buiten áá-llemaal, dan zoeken wij de wie-ie- ie- le -waal … dudeljo-ho klinkt zijn lied jouwe gjin rare gedachten oer gender. Hoewol  Onder moeders paraplu liepen eens twee kindjes, Hanneke en Janneke waren dikke vrindjes!

Miskien moatte Stoffer fan ’e SGP, Wilders en Baudet dêr doch ris nei sjen, je witte mar noait tsjintwurdich …

En wat komme we wrachtich ek noch tsjin yn Jan Pierewiet? Krekt: De brêge moat ticht en it skip moat der troch … Brio! en Rôlje, rôlje, wetterweagen! De gearstallers hiene sûnder wyn en bier in prima smaak! Mei ek noch Vlaamsk: Zeg kwezelken wilde gij dansen en ’t Ros Beyaard, Grinslânsk: it al earder neamde Ain boer wol noar syn noaber tou en  sels Súd-Afrikaansk: Sarie Marais. Nee, gjin drank, mar op sjauvinisme koene  je de oarspronklike gearstaller Bob Wosley (1907 – 1994) net betraapje. Hoe is dat yn ‘Fryslân sjongt’? Mar ris sjen, sil ek wol tafalle!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *