Dré Siderius

Maitiid

logo.ensafh

 

 

en de jûn komt mei syn gleone
pauwe-each ûnder in sombrearo
fan wolkens wei, de tiid stiet stil

by it fonkjen yn ’e ruten set ik
it oerwurk lyk, leaver ferdwûn ik
it easten yn, de stap nei moarnier

wei by it gelyk fan de honkfêsten,
de tydlike kick en it keapmansgelok,
fannacht is it oars, sjocht it rút

my mei memento mori oan, hee
do! bromtopskul, hazzerinnersglês,
dyn âlde knoffelbonke, is er ree?

1 reaksjes op “Maitiid

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *