Anne Feddema

Freon

logo.ensafh

Nei de dea: Dichtung und Wahrheit … Wat is wier? En wat kloppet bygelyks net fan alle ferhalen dy’t foar it ljocht komme as immen, yn dit gefal in hiel goede freon, ferstoarn is? Je hoege, neffens my, net dea te gean om in boarne fan ferhalen te wêzen foar in oar, sjoch it deistich libben. Miskien, lêzers, hawwe jimme der eat fan meikrigen: Eddy Sikma, De Skilder, de Ljouwerter keunstner, baas tekener fan vedute (stedsgesichten, wenten, tsjerken, ensfh.) en ekspresjonistyske, abstrahearre skilderijen (opset yn fjouwerkante, swarte en primêre kleur kwaststreken fan bygelyks it Waad en ek gauris fan bouputten en havenplakken as Harns), is der net mear.
Mar, seit men dan, syn wurk is der noch en dat is libben as in hert en dat is fansels wier, mar foar famylje, freonen en kunden dy’t hjir noch in skoftke tahâlde op’e wrâld, bliuwt it by eintsjebeslút in skrale risping. Dat hat ek te krijen mei de wize dêr’t in minske op út ’e tiid rekket. Yn it gefal fan ús Eddy Sikma: dramatysk. Eddy waard in ‘headline’ yn it nijs. De Skilder, dy’t sa sljucht mei wetter en havens wie, op syn fyts in grêft yn Harns yn riden. In foarm fan ‘Nomen est Omen’ as jimm’ wolle. Eddy hie, dat waard ek konstatearre op ’e kremaasjeplechtichheid, in grut gefoel foar humor en net altiten fan it fynbesnare soart. Dat lêste sis ik der dan wer by, want ik kin it witte. Hie it in oare keunstskilder west dy’t it wetter yn riden wie, dan hiene we beiden, hiel apotropaëysk, beswarrend ek, sizze kinnen: och heden ja de man woe in akwarel meitsje en hy wie te beroerd om fan syn fyts ôf te kommen. Sa bin ik, sa wie myn bûke Eddy … Mar dit ‘sick jokepraat’ is gjin momint yn my opkaam doe’t ik hearde fan it hommels ferstjerren fan myn freon. De ûntheistering wie gewoanwei te grut.
Hoe dan ek, by it ferstjerren fan neisten en goede freonen, kunden … je sille dochs fierder moatte, no? Mar efkes ynfolje wêrom dan wol of net. Yn it krematoarium Andringastate wie de kist iepen en ik haw der, by it ferlitten fan ’e romte efkes yn sjoen, en in soad minsken sizze dan by in kremaasjes of in begraffenis, nei it sjen fan ’e deade: hy, sy wie it net mear hear, net werkenber. Ik seach de holle fan myn freon Eddy. Noas, tichte eagen en wite hier en burd dat omheechtreaun waard troch in wyt kessen dat ûnder syn holle lei. No, hy wie it al, fûn ik en tige werkenber. En wát in kop mei hier, sei de keale kapperssoan foar him út.

1 reaksjes op “Freon

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *