
Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’
Fryske boeken dreech? Hielendal net! Yn de Fryske literatuer falt genôch te laitsjen. Op twa jûnen (24 april en 22 maaie) komt de humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart oan bod. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme: do lêst it allegear by dizze fjouwer Fryske skriuwers.
Op 24 april stiet it wurk fan Hylkje Goïnga en Trinus Riemersma sintraal
Hylkje Goïnga koe as gjin oar de finger op it seare plak lizze mei de tragykomyske foarfallen fan haadpersoan Martha. Douwe Kootstra wurke jierren mei de skriuwster gear en kin smaaklik fertelle oer wat er mei har meimakke.
Trinus Riemersma stie bekend as skriuwer fan serieuze literatuer, mar faak brûkte er humor (en iroany) om syn figueren te typearjen en kleur te jaan. Foar syn polemyske wurk brûkte er it wapen fan de humor geregeld om syn gelyk te krijen. Syn biograaf Doeke Sijens ljochtet de humor yn it wurk ta.
Op 22 maaie stiet it wurk fan Rink van der Velde en Sipke de Schiffart sintraal
Rink van der Velde skreau tal fan boeken. Syn ferneamdste en bêst ferkochte is Feroaring fan lucht oer wâldman ‘Durk Snoad’ en syn húshâlding. Ek syn Bokwerter kollums wienen hiel bekend. Bouke Oldenhof leit út hoe’t humor wurket en hoe’t dat yn it wurk weromkomt.
Sipke de Schiffart lûkt de lêzer yn syn roman Sjappy de wûndere wrâld fan Jappy yn. Babs Gezelle Meerburg dûkt yn de roman om sjen te litten hoe’t earnst en humor hân yn hân gean en wat de krêft fan kostlike ferhalen mei in tragyske ûnderstream is.
Kom yn de kunde mei it wurk en lit dy ferrasse. Gniis, glimkje of skatterje mei!
By beide jûnen binne ek boeken te keap fan de skriuwers.
Wolkom yn Kafee De Gouden Leeuw, de tagong is fergees.
Meld dy oan!