
Foaryn de Mennistetsjerke oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert, neist de sprekstoel, stiet in tafel mei dêrop in portretfoto fan de dichter. De tsjerke sit stiiffol. It lûd fan de sprekkers galmet troch de romte, en nei it foardragen fan de gedichten klinkt yn stee fan applaus inkeld in swiere stilte. Sa hat de presintaasje fan syn dichtbondel wat fan in begraffenis.
De dichter sels is der net by. Willem Abma ferstoar in simmer lyn, en yn de bondel Bewarre steane syn lêste gedichten. In postume útjefte, fan in dichter dy’t gauris oer de dea skreau. Philippus H. Breuker skriuwt yn it foaropwurd dat de dea foar de dichter earst in skrikbyld is, mar letter wurde foar him libben en dea in ienheid. “Foar him koe yn it ienheidsbelibjen de dea gelyk wurde oan de ivichheid fan God.”
Lês fierder by Goeie