Pier Bergsma oer ‘Leafde yn oarlochstiid’ van Willem Verf

logo.ensafh

Sneintemiddei 23 maart waard yn literêr kafee De Gouden Leeuw fan Tresoar it nije boek fan Willem Verf presintearre. Neffens Ernst Bruinsma, útjouwer by de Afûk, is Verf deryn slagge om oan in lange rige in unyk boek ta te heakjen oer in persoanlike skiednis. Mei dy lange rige bedoelde er al dy boeken dy’t troch de jierren hinne oer it tiidrek 1940–1945 skreaun binne. Bruinsma neamde De laars op de nek fan Maurits Dekker, dat al yn 1945 útkaam, mar der falt ek te tinken oan boeken as Pastorale fan Vestdijk en De donkere kamer van Damocles fan Hermans út 1958. Wat benammen opfalt yn alle boeken dy’t yn de perioade fuort nei de oarloch útkamen, is, dat it altyd oer goed en kwea giet. Pas letter feroaret it perspektyf op dy tiid, bygelyks mei De aanslag fan Mulisch út 1982. Noch letter wurde der in soad egodokuminten skreaun dy’t in noch breder byld fan de oarloch sjen litte.

Lês fierder by Goeie

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *