Henk Nijp

Needpakket

logo.ensafh

It wie mear út nijsgjirrigens as út ûngerêstens dat ik in skoftke werom trochklikte nei denkvooruit.nl , de grif goedbedoelde webside fan ús oerheid dêr’t op stiet wat wy dwaan moatte yn nuodlike tiden. Freegje net wannear’t dy komme, mar dát dy komme is wol sa goed as wis. Alteast, dat sizze de fjouwerstjerregeneraals fan tsjinst dy’t ús in hoart lyn al wekker skodzje woene. Feilichheidsminister Van Weel hat wilens it selsredsumenstiidrek al fan 2 nei 3 dagen opskaald. Rampen, kalamiteiten en needsituaasjes komme oer ús en dêr moat it folk, jo en ik dus, op taret wêze. Sjoch mar hoe’t de wrâld der op it stuit hinne leit troch de strapatsen fan de alfa-males boppe op ‘e autarkerots.
Der sil ferskil wêze tusken dy trije brûkte fenomenen ramp, kalamiteit en needsituaasje mar my is it net hielendal dúdlik. Alle trije binne se basearre op it ‘slimme’ en ‘ûnferwachte’ derfan, soene je tinke. Mar dat giet wer net op foar elke ramp. As in ûnbidige oaljetanker stjoerleas mar mei faasje rjochting in losskuorde iisberch tuft, sjocht men de (miljeu)ramp fan fierren oankommen. Dus net hielendal ûnferwachte. Guon natuerrampen as tornado’s, orkanen, en hoasbuien kinne Weerplaza en Buienradar al dagen yn it foar oankommen sjen. Mei sânsekken op ’e dyk en hout foar de ruten kin men yn de measte gefallen kalamiteiten dan wol foar wêze. Al ûntstiet der faaks wol in needsituaasje as der te min fan dy sekken op foarrie binne.
Hawar, as der dan al in needsituaasje ûntstiet troch wa of wat dan ek, kinne wy der mei-elkoar mar better klear foar wêze. Dêrom moatte wy soargje foar ús eigen needpakket. En tink derom, de ryksoerheid jout nea in needpakket fergees wei! Dat kin dizze regearing ek better mar net dwaan, want ás it needmateriaal al oankomt op it rampeplak, is troch al it geharrewar yn it kabinet foarôfgeand oan it ferstjoeren, it leed nei alle gedachten al wer in healjier efter de rêch. Wy sille it dus sels dwaan moatte.
Ha mar gjin noed; it is maklik, it measte ha jo al yn ’e hûs! Tink oan: 3 liter wetter de man/frou, hâldber iten yn blik, nútsjes, drûge fruit, in needradio (mei slinger en, hiel gesellich, ûntfangst fan de rampestjoerder), in EHBU-kiste (mei gebrûksoanwizing), in bûslampe op batterijen, kearsen (mei lúsjefers, oars krigest dy net oan ’e praat, ommers), in fluitsje (fanwege de helptsjinsten; dy helpferlieners wurde grif tureluers as de hiele buert aanst oan it fluitsjen slacht), kontant jild (om wat te keapjen? Is der dan eins noch wat te keap? Is de Jumbo noch iepen? Of is it om de helptsjinsten om te keapjen? In pinpas is yn elk gefal net foldwaande). Tekkens (‘om waarm te bliuwen’, skriuwe se derby. Dat is wol handich dat se dat der even by sette, oars soest faaks tinke: hè, tekkens en gjin lekkens en kessens? Wêrom no allinne mar tekkens? Om waarm te bliuwen! Omkoal! En in sliepsek, mei dat ek?) Ek klearsette: in arkbak mei hammer, seage, kniptange (in wetterpas hoecht net, want it is dan dochs al in grutte binde) en ik soe der ek mar in knappe skeppe by lizze, want wy komme net om jo út te graven, de earste trije dagen. Dan noch toskpoetsersguod plus toskeboarstel, wiete doekjes (?), húskepapier (hoefolle rôlen is dat de man, foar trije dagen? Is der noch tiid om dat út te finen?) En ek byinoar sykje: kopyen fan identiteitspapieren en wichtige telefoannûmers. De kaai fan de auto en it hûs moatte ek mei. As de doarren der dan noch ynsitte. En ferjit jo pillen en drankjes net!
Alles moai oersichtlik yn in hoekje ûnder de trep of op in oar sels te kiezen plak dêr’t jo goed by kinne, want jo sille de boel om de seis moanne neirinne moatte. Docht it fluitsje it noch, binne lúsjefers net damp, sit it wc-papier noch wat kreas op ’e rôle en kinne de kapusijners noch in hoart mei?
Sykje der ek mar fêst in wettertichte rêchpûde by dêr’t de hiele brot yn kin, foar as jo ynienen haljetrawalje evakuearje moatte. Dat mei dan wol in mânske rêchsek wêze want it is in knap lang listke wurden. Faaks moatte jo ek alfêst tinke oan in transportfyts mei in koer foarop, krekt as de bakker eartiids. Rêchsek yn ’e koer en dan kin dy arkbak moai op ’e pakjedrager. As der gjin bern mei hoege. De auto kinne jo fierder wol ferjitte, benzine is al moai gau op en wurdt net mear oanfierd, laadpeallen lizze om en stroom ha wy dochs al problemen mei, jo moatte dy needradio ommers sels ek al oanslingerje en soks wurdt ’m mei in Tesla echt net. Dêr sit net iens in slinger by, dy hat Musk fuort al weibesunige. No… Sukses!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *