Giny Bastiaans

In pilske yn Stralsund

logo.ensafh

Ik moat de lêste wike gauris weromtinke oan de tiid dat yn Berlyn ‘de muorre’ foel. Doe wie der in hiel oare sfear yn it lân as no. Der waaide ynienen in oare wyn. En dat joech enerzjy, fleur, in feilich gefoel. Gjin eangst mear foar oarloch, driging.

It siet der yn de jierren dêrfoar al wat oan te kommen. Want songen wy mei inoar net: ‘Leaver in Rus yn myn bêd as in krúsraket!’ En wy glimken doe’t wy letter ús Willem Alexander in bierke drinken seagen mei Poetin. Kinst dy no net mear yntinke. Al moat ik der ek net oan tinke dat ús kening dat no dwaan soe mei Trump of mei syn gnizende cowboys, sittend yn ’e bank, grutsk nei in slagge bombardemint op Jemen. Pubers oan it gamen!

Wat in weareld! Ynfal troch de Russen yn Oekraïne. Barbaarske bombardeminten op Gaza. En yn ús eigen lân? Grutte wurden en alle wiken in krisis yn stee fan regeare.

Hieltyd faker tink ik werom oan dy tiid dat ‘Der Mauer’ fallen wie.  In busfol East-Dútsers kaam doe by ús yn ’e gemeente. Se waarden hjir en dêr yn ’e doarpen ûnderbrocht. By ús sliepten en ieten ek twa. De groep kaam by ús om te sjen hoe’t in demokrasy wurket. Demokraty, sizze de Dútsers. En hoe’t in riedsferkiezing organisearre wurdt.

Wy hienen oant djip yn ’e nacht bysûndere petearen. De iene man, ik sil him hjir Dieter neame, hie sa syn soargen oer de Westerske maatskippij, it kapitalisme. Kurt, de oare man, seach inkeld foardielen. Se seagen har hjir de eagen út. Oer de rykdom, de frijheid, de winkels, it ferskaat, wat der allegear te keap wie. Mar se fûnen it allegear, doe al, hiel djoer.

Dieter kaam alle dagen foar it ljocht yn syn âlderwetske Trevira broekje. Sokke broeken hienen wy al jierren net mear sjoen. Kurt hie de twadde dei al in supermoderne spikerbroek oanskaft. 

Doe’t se wer yn ’e bus nei Magdenburg ôfsetten, wie Dieter ree om de earste riedsferkiezings mei op te setten en as it slagge in goeie wethâlder te wurden. Kurt hie yn dy wike in twaddehânsk Mercedes op ’e kop tikke yn Ljouwert. Hy gie net mear mei yn ’e bus, mar ried grutsk as in pau yn syn grutte bak rjochting it easten. Om mei winst, sa sei er, de bak dêr wer te ferkeapjen. Hy woe de autohannel yn. Mei leafde hie er it kapitalisme omearme. Ryk soe er wurde, rôp er ús ta troch it iependraaide rút, en lake fan ear ta ear. 

In jier as sân ferlyn wie ik yn wat earder East-Dútslân wie. De nearzige flats hiene hjir en dêr in fleurich ferfke krigen. Mar ik ferwûndere my oer it grutte tal leechsteande bedriuwen. Alde boufallige gebouwen, mar ek nagelnije bedriuwen. Leech!

Yn in kroech dêr yn Stralsund kaam ik te praten mei in Dútser út dyselde stêd.  Hy wie yn it earstoan wat noartsk, mar mei itselde pilske yn ’e hân as ik hie, kaam it petear op gong. Ik frege him op in stuit planút hoe’t hy de Wende belibbe hie. Nei earst wat foarsichtige opmerkings en wat hinne en wer skowen op syn barkruk, kaam er los. Fansels hienen se dêr earst allegear wakker optein west. Frijheid! Romte! Kânsen!

Der wienen nije bedriuwen kaam. Nije managers op besteande bedriuwen. It like earst sa moai en goed. Mar it duorre net lang as de bedriuwen ferhuzen nei it eardere West-Dútslân. Bedriuwen dy’t withoelang al yn datselde plak stien hienen, mar ek de nij opsette bedriuwen. En se namen it wurk én de klanten mei. It grutte jild yn it westen fan Dútslân efternei.

Der wie no in protte wurkleazens yn wat earder East-Dútslân wie. Dat wie yn de kommunistyske tiid net sa. Hy fûn it in miste kâns dat der net in mjuks ûntstien wie fan kapitalisme en kommunisme, en dat lang om let it kapitalisme it wûn hie. De frije merk, hy fûn it mar neat. Alles waard djoerder en djoerder, de hieren fleagen omheech. Ryk waard riker, earm waard earmer. ‘Se ha allegear de dollartekens yn ’e eagen,’ sei er. ‘Wy hawwe frijheid, ja, mar dy wurdt brûkt om in oar in poat út te lûken!  Wy hawwe frijheid ja, om riker en riker te wurden, en dan bang te wurden alles wer kwyt te reitsjen. Dêr krije bûtenlanners de skuld fan en dan wurdt der wer stimd op fassisten.’

Ik tocht doe: no, sa mâl sil it wol net gean, dochs? 

Mar wier, ik moat tsjintwurdich faak oan dizze man út Stralsund tinke. Mei syn pilske, syn klauwen ûnder de pet en syn sombere swarte eagen. En hoe soe it mei Dieter en syn gemeenteried gien wêze? En mei Kurt, soe de autohannel him brocht ha wêr’t er fan dreamde? En hoe soenen sy no stimd ha by de lêste Dútske ferkiezings? Ut teloarstelling wei of dochs fanút hope?

 

 

 

3 reaksjes op “In pilske yn Stralsund

  1. Tige werkenber en moai beskreaun!, ik sit mei deselde fragen. Koart foar de “Wende” wiene we mei ús band op útnoeging fan in kollega Hongaarse jazzband yn Hongarije. We wiene op it Harnser jazzfestval dermei yn ‘e kunde kaam. Se kamen hjir doe eagen tekoart: wat in lúkse en frijheid, je koene gean en stean wer’t je mar woene! Wat letter yn 1989 fuort nei de fal fan de muorre rieden we fanút Poalen wer werom fan in ferbliuw dêr. Der wiene presidentsferiezings mei poasters mei Lech Walesa, dat betearde lokkich goed. We ha der sa’n bytsje in dei oer dien om East Dútslân troch te kommen, yn ellenlange files mei rikjende Trabantsjes. Mar ien en al fleurichheid en picknickjende gesinnen lâns de wei as de file wer es in flink skoftsje stûke. Yn 2016 seagen we op Rügen hjir en dêr deprimearjende DDR-oerbliuwsels . It doarpke wie mar wat skildereftich, mar de pastoar bitter teloarsteld. Ûnder Honecker wie it gâns better … Fia FB ha’k noch altyd kontakt mei de Hongaarse trompettist. Op myn fragen oer Wilders’ grutte freon Orbán giet der wiselik mar net yn, je witte mar noait wa’t mei lêst, seit er …

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *