Kollum Arjan Hut: Jazz yn de haadstêd

logo.ensafh

As de sinne skynt en it wurdt wer waarm, dan krij ik ferlet fan jazz. Leafst mei Braziliaanske ynfloeden. Al fan ein fjirtiger jierren ôf stjoerde de U.S.A. jazz-muzikanten nei Brazilië op goodwill-toernee. Dat wie benammen in politike set yn de striid om de geunst fan de lokale befolking, Amerikaanse frijheid foar it kommunisme fan de Sovjet Uny oer.

Mar de jazz sloech oan yn Súd-Amerika, en de Amerikanen namen de samba mei nei hûs. Efkes wie Brazilië it kulturele sintrum fan de wrâld. Dat duorre net lang. Begjin sechstiger jierren flechten Braziliaanske muzikanten nei de U.S.A., omdat se net mear feilich wiene ûnder it nije, militêre rezjym. It wiene de dagen fan de Bossa Nova, de platen fleagen oer de toanbanken! Ek yn Ljouwert wiene doe kafees dêr’t se foaral jazz en samba-jazz spilen.

Lês fierder by Goeie

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *