
Ik hie der nea fan myn libbensdagen by stilstien dat rinnen ea in behiplik krewei wurde koe. Men hoecht ommers inkeld mar de iene poat foar de oare te setten, wie ik fan betinken. Ik hie better witte moatten. Ik haw ús beppe Gatske nea oars kennen as mei twa stokken, ús beide âldelju rûnen ek frijwat kruk en myn suster kroasket al withoelang mei twa krukken. En by it oersetten en redigearjen fan boeken brûk iksels de lea ek net bot. Dat foar’t ik der erch yn hie, wie ik sa breklik op ’e gong as in âldman.
Lês fierder by Jaap Slager