
B. Vr [= Beste Vriend]
Goed gearriveerd. Vertrek hedenavond naar Sneek
Beste mokkels. ’t Bier uitstekend
Gegroet van Hoving
‘Beste mokkels’, stiet dat der echt? Of lês ik it ferkeard en hat Hoving in lekker pantsje ‘mossels’ iten? Moksels wienen yn it Oranje-Bierhûs ommers wol te krijen. Mar nee, Hoving skreau echt ‘mokkels’. Dy sil er yn dat Ljouwerter kafee wol net troffen hawwe; de kliïntêle wie folslein manlik, as de byldside fan dizze kaart teminsten de werklikheid werjout. Hie Hoving op wei nei de kroech earst in oarsoarte hûs fan plezier oandien?
Lês en sjoch fierder by Klaas van der Hoek