
Fansels, it is no Nederlânske Boekewike, mar wy ha de Fryske Boekewiken hân, it is wer tiid foar Farsk, mei noch altyd Eric Hoekstra syn rige Midfrysk goud, bydragen mei en oer Midfryske teksten, en syn feuilleton In Fries yn Afghanistan.
Poëzy is der fan Anne Feddema en Edwin de Groot en fan Andries Miedema al wer de fyfde Heinrich Heine-oersetting.
Ate Grypstra draacht in ferhaal by, dat er oantsjut as ‘tsjuster teltsje’ en as ‘stedssêge’. It is in bewurking fan in ferhaal fan de Grysk-Iersk-Amerikaanske auteur Lafcadio Hearn (mear ynformaasje ûnderoan it ferhaal).
Fryske Modernen
It giet mei it ferskinen fan boeken yn ’e Rige Fryske Modernen no ynienen hurd, nei Joppe fan Hein Jaap Hilarides ferskynt dêryn no de roman Libben reach fan Greet Andringa. Op tongersdei 20 maart is de presintaasje fan it boek (sjoch de rubryk Aginda). Op dizze ôflevering fan Farsk stiet in foarpublikaasje.
Nije kollum
De rubryk kollums hat útwreiding krigen. Foartoan sille Yva Hokwerda, Jelma Knol, Sytske de Jong en Koosje Melis bar om bar in kollum levere. De beide lêsten fersoargen al earder om en om kollums foar Farsk. Yn dizze ôflevering set Jelma Knol út ein mei ‘Boekewike’.
Farsk Jierboek 2007
It Farsk Jierboek 2007 is út. Dêryn stiet it bêste fan wat yn 2007 op Farsk ferskynd is. It boek is yn ’e boekhannel te krijen, mar kin ek besteld wurde (sjoch op ’e ynhâldsside ûnder Oer Farsk by Bestel).
Oer 2008 sil gjin jierboek mear ferskine. De subsydzjejilden wurde no folslein brûkt foar it ynternettydskrift sels en de bydragen dêrop.