Baukje Wytsma, Mikis Theodorakis, Douwe Heeringa

Mauthausen-syklus: Flechtling (O Drapetis)

logo.ensafh

Myn namme dat is Yannos Ber,
gjin stikeltried dat my noch keart,
’k sammelje moed, flechtsje foargoed,
op wide wjokken bin ik ûnderweis nei hûs
op wide wjokken bin ik ûnderweis nei hûs.

Jou my iten, jou my klean,
’k ha noch sa’n lange wei te gean,
rik my jim hân, fier oer it lân,
de wyn dy draacht my want ik wol sa graach nei hûs
de wyn dy draacht my want ik wol sa graach nei hûs.

O kristenminsken hear myn stim,
en wit dat ik gjin moardner bin,
leau mar gewoan, nim fan my oan,
’k bin op ’e flecht omdat ik gjin minsken deadzje koe
’k bin op ’e flecht omdat ik gjin minsken deadzje koe.

Wêr’t hy komt en wêr’t hy giet,
neat as leechte en fertriet,
pine en haat, gjin kammeraat,
o minsken hoedzje jim want hy is in gefaar
o minsken hoedzje jim want hy is in gefaar.

Folslein ferlitten yn dit lân
dit tsjustere lân fan Bertolt Brecht
hy jout it oer, him wachtet it fjoer
nee, hy ûntkomt net oan de loop fan de SS
ek hy ûntkomt net oan de loop fan de SS.

Klik hjir foar de muzyk

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *