
de natuer krijt in stim
stilswijend sprekt sy op
earst mei snie en iis
kringt ús werom
wy ha it sizzenskip
lang noch net
ûnfoarsisber de wetterweach
populaasje skriemt ferslein
wat miene wy wol
net mear útfleane kinne
loft teheistere troch fjoer en jiske
technyk natuer wint it
har stim
is ús rem