
Yn 2009 ferskynden fan Nan’n Ankie (it duo Nanne Kalma en Ankie van der Meer) de Frysktalige audio-cd’s Smûzje en Moai mei dij.
Ite, haffelje, sline
Alle jierren organisearret de stichting It Fryske Berneboek de Berneboeketiid. In fêst ûnderdiel dêrfan is de poëzijposter, mei hieltyd in oar tema. Dêrby wurdt in dichter keppele oan in yllustrator en tegearre meitsje dy dan in poster dy’t by skoallen en bibleteken delstjoerd wurdt. De earste poster, ‘De Tiidmasine’, fan dichter Jacobus Q. Smink en yllustratrise Karin Poiesz, ferskynde yn 1997. By gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan It Fryske Berneboek binne dat fers fan Smink en de alve oare gedichten dy’t oant en mei 2008 ferskynd wiene, op muzyk set en as lieten útkommen op ’e cd Smûzje fan Nan’n Ankie. Geartsje Douma naam sawol de tekst as de muzyk fan ‘It Skoalorkest’ út 2004 foar har rekken. Hedser Jan Tijtsma fan it duo Ljoubjr komponearre de muzyk by it gedicht ‘Streken’ fan Arjan Hut út 2008. De oare tsien komposysjes, op teksten fan respektivelik Anny de Jong, Eppie Dam, Tiny Mulder, Baukje Wytsma, Jurjen van der Meer, Jelle Bangma, Auck Peanstra, Lida Dykstra en Berber van der Geest, binne fan ’e hân fan Nanne Kalma.
‘Smûzje’ betsjut ‘lekker ite, haffelje, sline’ (fan berneboeken). It wie it tema fan ’e Berneboeketiid fan it jier 2009. Fan it byhearrende liet, ‘It Smûzers Alfabet’, stiet allinne de begjintekst en ’e troch Nanne Kalma komponearre muzyk mar op ’e cd. It oare part fan ’e tekst wie op it stuit dat de cd makke waard noch ‘ûnder konstruksje’. De missende tekst waard, ûnder begelieding fan Nanne en Ankie, letter makke troch bern fan basisskoallen út Ferwert, Burgum, Lekkum, Reduzum en Jorwert. ’It Smûzers Alfabet’ kaam as folslein nûmer út op ’e ein 2009 ferskynde, hjirnei te besprekken, cd Moai mei dij.
De nûmers op ’e teksten fan Eppie Dam, Lida Dykstra, Berber van der Geest, Geartsje Douma en Jacobus Q. Smink, binne it bêst beteard.
De tekst fan ’Ik & De Fjouwer Tiden’ fan Eppie Dam giet it yn in klassike opbou (’Maitydslibben’, ’Simmerjûn’, ’Hjerstrein’ en ’Winterkening’) oer de fjouwer tiden fan it jier en der steane byldzjende, foar bern goed werom te kennen, rigels yn:
De sinne stie hjoed oan ’e loft, gleonwyt te bakken op ’e glêzen.
No is er read yn ’t lân delploft: in frisbee yn ’e gerzen.
Muzikaal hat it nûmer in meinimmende wize, en in ynkleuring (foaral fan gitaar) dy’t alhiel rjocht docht oan it suite-eftige karakter.
Yn Lida Dykstra har tekst ’Sabeareheks’ steane boartlike tsjoenwurden lykas ’strielewiele’, ’fleaneweane’, ’donderwonder’ en ’groeiewoeie’. Kalma soe himsels net wêze, as er de kâns net grypt hie om fan it nûmer in meisjonglietsje te meitsjen, dat nei in pear kear hearren fêst noch dagen yn ’e earen fan ’e bern (en folwoeksenen) omstuiterje sil.
Ticht by de belibbingswrâld fan ’e bern stiet ek ‘In Bist is in Bist’ fan Berber van der Geest:
In slak dy is traach en dryst is in ko; bretaal is de mosk en himmel de do.
In skiep dat is nuet en nijsgjirrich in hin; parmantich de hoanne, feninich de spin.
As ienheid fan tekst en muzyk is dat it topstik fan Smûzje! Troch de folky begelieding en ’e sublime gearsang fan Nan’n Ankie bringt it jin de nûmers ‘The sun is burning’ en ‘Wednesday morning 3 AM’ fan Simon & Garfunkel út 1965 yn ’t sin.
In goede ienheid fan tekst en muzyk lit ek ‘It Skoalorkest’ fan Geartsje Douma sjen:
Freed ha wij in nij muzykstik ynstudeard:
In skoalleblues, troch master Hoekstra komponeard.
It sil gjin nij dwaan, dat it nûmer muzikaal in blues wurden is, kompleet mei ‘skeurende’ elektryske gitaar!
‘De Tiidmasine’ fan Jacobus Q. Smink ferskilt folslein fan ’e oare teksten dy’t de jierren troch op ’e rymposters fan It Fryske Berneboek ferskynd binne. Om dy reden grif is der kompositoarysk troch Nanne Kalma ek hiel oars mei omgien as mei de oare njoggen nûmers dy’t er foar Smûzje op muzyk set hat. Smink brûkt yn syn tekst mar trije wurden, nammentlik doe, no en dan, om it tema fan ’e Berneboeketiid 1997, ‘Tiidmasine’, mei út te byldzjen. Kalma hat dêr in foech mantra fan makke, dy’t mei frijwat ferfoarmjende effekten op ’e sjongstimmen fan him en Ankie van der Meer, hast meganysk, mar dêrtroch krekt tige yntrigearjend, útfierd wurdt.
It is moai dat It Fryske Berneboek it foarinoar krigen hat, dat op ’e cd Smûzje de rymposterteksten dy’t sûnt 1997 makke binne no ek foar alle bern yn Fryslân te hearren (en mei te sjongen) binne!
Tekstdichter(s) en komponist
De cd Moai mei dij telt 14 nûmers. Op ’e traditional ‘Datsto myn leafste bist’ nei binne alle komposysjes fan Nanne Kalma. De teksten foar de lieten waarden krekt as by Smûzje oanlevere troch in ferskaat fan dichteressen en dichters: Tiny Mulder (2x), Rubén Darío/Klaas Bruinsma, Tsjits Peanstra (2x), Elske Kampen, Baukje van Hijum, Wieke de Haan en Fedde Schurer. Fan fjouwer nûmers skreau Kalma behalve de muzyk ek de tekst.
Sels liettteksten skriuwe hat Kalma mar sa út en troch by de ein, mar wat er op dat mêd út ’e wei set, is lykwols foar ien dy’t fan-hûs-út net-Frysktalich is, perfoarst fertsjinstlik te neamen! Sjoch mar ris nei dizze, lekker bekjende, rigels út it titelnûmer fan ’e cd:
Wij litt’ it waar it waar
en wij krij’ de gitaar,
want sinne noch rein
feroarje eat oan ’t refrein:It is sa moai mei dij en ik wol datst witst,
dat it goed giet mei mij asto der bist.
Twa fan Kalma syn teksten op Moai mei dij binne yn it Ljouwertersk, nammentlik it oansteklike steapelliet ‘Moeke fynt ut nyt goëd’ en it koartswilige ‘Ik bin de tyd kwyt’. Dat lêste nûmer hat er yndertiid skreaun foar Irish Stew (ferskynd op dy harren cd De Jeneverkrúk [1995]). Yn ‘Ik bin de tyd kwyt’ steane ek in pear rigels dy’t, wat my oanbelanget, de tiid treast binne:
Seumertyd, wintertyd, wat hè je der an?
Gestoard, ferknipt, geskift, syk wur’ ik derfan.
En as ik ut klimaat fan oans landsje besien…
hè we dan nyt mear an un herfsttyd miskyn?
Mar Nanne Kalma is dochs earst en meast in komponist fan lieten. Dat er wier wat ‘hat’ mei lieten, kin ôflaat wurde út it feit dat fjouwer fan syn bêste komposysjes op ’e cd allegear ek in titel hawwe mei ‘liet’ deryn: ‘It swalkjend liet’ (tekst fan ’e Nikaragûaanske skriuwer en dichter Rubén Darío [1867-1916], oerset troch Klaas Bruinsma), ‘Liet fan de tiid’ (tekst: Elske Kampen), ‘It liet fan Mem’ (tekst: Baukje van Hijum) en ‘It liet fan Penelope’ (tekst: Tsjits Peanstra).
Om ’e bytiden sublime rigels fan ’e dichters hinne:
De sjonger giet oer d’ ierde wiid
Yn wite fred’ of reade striid. (Darío/Bruinsma);
Omdat de tiid is as in liet dat even yn in keamer klinkt,
in lûd dat dûnset op ’e wyn by iepen rút en waaigerdyn. (Kampen);
Leafde ferjout, leafde ferswijt, earmen fan leafde, te koart lang om let.
En sjende blyn, hearrende dôf, woartele soarch yn it eangstige hert. (Van Hijum)
en
En yn de nacht – o wij dreame skoan – swije de lûden beslist,
Ik lis myn hert tsjin dines oan, asto bij mij bist. (Peanstra)
hat Kalma sterke muzyk komponearre. Sa hat de tekst fan Darío/Bruinsma ien fan ’e moaiste yntro’s (nammentlik op konsertina) út ’e skiednis fan ’e Fryske folkmuzyk krigen. Kampen har bydrage is op in toanhichte set dy’t optimaal is foar it stimberik fan Ankie van der Meer. Fan Van Hijum har tekst hat Kalma in pracht fan in ballad makke. En de wize dy’t er betocht hat by ‘It liet fan Penelope’ fan Tsjits Peanstra kin meunsterje tsjin de moaiste dy’t er ea makke hat, tafallich ek by in tekst fan Peanstra, te witten: ‘Oanspield’, útfierd en yn 1991 al op cd fêstlein troch syn groep Kat yn ’t Seil.
Nanne Kalma, yn 2009 60 jier wurden, is sûnder mis de meast produktive muzikant fan Fryslân. Sûnt sawat healwei de sechstiger jierren spilet er yn en skriuwt er nûmers foar allerhanne bands en bandsjes. Fia de pop/rockmuzyk fan The Example en Pugh’s Place bedarre er begjin santiger jierren yn ’e folkhoeke. Earst Ingelsktalich (yn Farmers Union), dêrnei al gaueftich Frysktalich (yn Irolt) en letter ek Hollânsktalich (yn De Perelaar en Kat yn ’t Seil) én yn it Esperanto (yn Kajto). Troch it grutte ferskaat fan ynstruminten dat er brûkt – op Smûzje en Moai mei dij: akoestyske gitaren, elektryske gitaar, basgitaar, kontrabas, mandoline, konsertina, akkordeon, mûlharpen, skalmei, kazoo, synthesizer, hakkeboerd, autoharp en banjo – klinke syn komposysjes lykwols alle kearen wer nij en fris.
Oparbeidzje mei Ankie van der Meer docht er al sûnt 1980, doe yn de folkgroep Irolt en no dan as duo yn Nan’n Ankie.
Yn ien ding is Nanne Kalma te ferlykjen mei dy oare ’grutte’ komponist út Fryslân (mar dan yn it klassike sjenre): Paulus Folkertsma (1901-1972). Krekt as Folkertsma hat Kalma nammentlik in útsprutsen literêre smaak wat it brûken fan teksten oanbelanget dy’t er op muzyk sette wol. Yn guon dingen oerlaapje se inoar sels wat de kar fan tekstdichters oangiet. Sa hat Folkertsma yndertiid lieten fan Fedde Schurer en Tsjits Peanstra komponearre. Itselde hat Kalma no dien op Moai mei dij.
It is te hoopjen dat de muzykredakteuren fan ús regionale omrop foar de feroaring ris serieus wurk meitsje fan ’e nijste lûddragers fan Nan’n Ankie. Der binne ommers net folle muzikanten dy’t nei har fyftichste noch sa’n drive hawwe en sa’n soad fris en autentyk repertoire leverje as Nanne Kalma en Ankie van der Meer!
Klik hjir foar it titelnûmer fan moai mei dij en klik hjir foar it nûmer Tiidmasine fan de cd Smûzje.
Nan’n Ankie
Smûzje (audio-cd) en Moai mei dij (audio-cd)
Windrose Music, Burgum 2009