Piter Boersma

Foaropwurd 28

logo.ensafh

Foaropwurd

Wat in dagen, wat in tiid fan it jier. Keninginnedei ha wy lykwols oerslein en 1 maaie ek, wêr’t it omtinken fan ensafh nei útgiet yn dizze ôflevering binne 4 en 5 maaie, oarloch, ûnderdrukking, de holocaust, frijheid, frede, hoop, mar ús lân bejout him dan noch yn de striid om Nederlânsk-Ynje.

Liet en poëzy

Op dizze ensafh publisearje wy de Mauthausensyklus fan de Grykske komponist Mikis Theodorakis, basearre op de teksten fan de Joadsk-Grykske dichter Iacovos Kambanellis, dy’t de ferskrikkings fan it nazykonsintraasjekamp Mauthausen sels meimakke hat en dat bart yn de útfiering troch de Fryske sjonger Douwe Heeringa fan de troch Baukje Wytsma oersette ferzje fan de syklus. Hedwig Terpstra hat der in ynlieding by skreaun. Wy jouwe de tekst fan de lieten nêst de útfiering derfan.

Yn Jaen har nije gedicht yn har rige ‘Fryske’ gedichten giet it oer in Fryske jonge dy’t nei Nederlânsk-Ynje útstjoerd waard.

En dan waard it nijs moai lang oerhearske troch de Yslânske jiskewolk. Geart Tigchelaar hat der in gedicht oan wijd.

Proaza

Yn maaie ferskynt nei syn poëzydebút De rop om Doede yn 2008 fan Hidde Boersma de autobiografyske ferhalesyklus Fol túch de mist yn. It boek ferskynt by de Friese Pers Boekerij. As foarpublikaasje publisearret ensafh it ferhaal ‘Fol túch yn de mist’. In protte eardere ferzjes fan de ferhalen ha earder op Farsk en ensafh-ynternet stien, yn Hjir en ensafh-printe.

Kollums

Wat is dit?’ hat Skermer boppe syn tekst set, dêr’t bygelyks dit yn stiet:

‘Lit my de foks besudearje.

Dat sil ik.

Wat sil ik?’

Willem Winters komt yn ‘Vitus en Ned’ mei in nuveraardich ferhaal:

‘De sosjalist Vitus Bruinsma [1850-1916] wie gjin gefaarlike anargist. Tocht ik.

Dat feroare doe’t ik syn namme seach op it omslach fan de brosjuere De kunst om een machine te bederven.’

Besprek

Yn ‘Fris en autentyk’ besprekt Beart Oosterhaven de cd’s Smûzje en Moai mei dy fan Nan’n Ankie (it duo Nanne Kalma en Ankie van der Meer) . It nûmer’ Moai mei dy’ is te hearren. Oosterhaven jout oan ’e ein fan syn besprek koart omtinken oan de lange muzikale karjêre fan Nanne Kalma dy’t yn 2009 sechtich waard.

Oersetting

Yn dizze ôflevering it fjirde en lêste stik fan de oersetting fan Eric Hoekstra fan it twadde haadstik fan de Bhagawad Gita of sa’t Hoekstra it boppe syn oersetting set: ‘It Boek fan ’e Yoga’. Oan de oersetting giet in ynlieding fan Hoekstra foarôf. Dit lêste stik begjint sa:

‘Hoe sjochst dat in Yogi ûnferwrikber

ferbûn is mei it bewustwêzen fan God?

Wat seit er en hoe is it him te moede?

Wat docht er en hoe hâldt en draacht er him?’

Frysk proaza op www.sirkwy.nl

Op 9 april waard yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar de webside www.sirkwy.nl offisjeel de blauwe e-loft ynstjoerd. In grut spektakel fansels!

Troch in nije printtechnyk is it no ek mooglik om sa’n boek foar in skaplik pryske op bestelling printsje te litten, wat se mei in moaie Fryske namme ‘Printing On Demand’ neame. Studinten fan de stúdzje Fryske taal en kultuer oan de Grinzer universiteit ha in ûndersykje dien om der achter te kommen hoe skaplik dat pryske dan is.

Se komme mei in nijsgjirrige útkomst en meitsje ek fierders in tal krityske opmerkings.

De bydrage is te finen ûnder de rubryk Poadium.

Konklúzje

Yndie, wat in dagen, wat in tiid fan it jier, wat in ferskaat oan saken dêr’t wy ús mei te rêden hawwe.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *