
Utbret wurde
Tank God mei my op dizze stûne
fan dat ik as in tsiis waard fûn
en yn myn memme skert bewarre
dy’t my mei bonke en fleis omsette,
sine-trie keunstich frissele hat,
santich jier yn ien jier sparre.Tank Hear dy’t my, myn wiif en bern
jins geunst yn seine noch lit sjen
al woe it net altyd rjocht sêft gliede
doe’t my, o fui, de moed ûntbriek,
doe deads grime yn myn hertsier stiek
en it swurd gie troch de memme-side,
mar alles alles fljocht tel wei
mei it soer en it swiet as dizze dei
nei de ivichheid om út te brieden.Help God, stean dy’t rekke is by
en hâld my fan it oerdwealske frij
om blier yn it himelsk ta te rieden.
Dit is de bêste wrâld
Dizze wrâld dy is de bêste,
seit in wiisgear wolbetocht,
foar ús long en lok folmakke
troch Syn hân dy’t alles skinkt.Wêr is it nutteleaze hjir te finen?
Wêr gjin pracht, gjin grutheid, stjoer?
Wêr is gjin blêdsje dêr’t it popke
wâlterjend waakst yn it sinnefjoer?Soene dan al dy tûzenen wrâlden –
dy’t, fier foar’t ús stip meifleach,
om har eigen sinnen rôlen, –
inkeld tsjinje ta ús ljocht?Of soe dêr it liddich wêze,
en gjin wêzens ea bestean
of Gods almacht leafde ûntbrekke
en gjin makker wurde oanbean? –Dy’t yn alle pleatsen wennet,
dêr’t elts bol syn goedens priuwt,
dêr’t Er yn Syn wiisheid leafde
op scheppershoefslach rôp en dreau!It koart sjend each tinkt net dat stipkes
dy’t sa gloarje yn it himelsk heech, –
troch har fierens sa belytse, –
wrâlden binne as hjir omleech.mar dy’t stiel-glêd’ spegels brûke
sjogge dêr moannen fiks op wacht,
sa’t ús moanne mei har deltes
ús taljochtet yn ’e nacht.Tink oer dy ûnmjitbere romte …
en Dy’t alles makke hat!
dy’t natoer, dy tsjinneresse,
joech beweechkrêft mei har wet.Tink hoe lyts wurdt dan de minske
dy’t Gods grutheid kennen leart,
Dy’t elts wol gelokkich meitsje
dy’t Him hjir mei woldwaan eart.
Foar Him dy’t grêf-fretsk-tosk tebriek
Wa tsjocht en fljocht dêr rjocht omheech
as oft er op wyns wjokken fleach
yn pracht dy’t it each fertsjustert?
It is Hy dy’t grêf-fretsk-tosk tebriek,
de dea syn grime ûntnaam en stiek
dêr’t it memsljocht fan ferbjustert:
Hy woe
en koe
nei dy wenning
fol beleanning,
om ta te rieden
foar dy’t him hulde bieden.
Mar sa’t de apostels lôkjend stoene
en jern mei Him te’n himel woene,
sjedêr, twa mannen ûnfertocht
dy sizze, “dy’t jim is ûnttein
komt iens sa wer mei himels sein’.”
O treastfol sillich bliid berjocht.
Elts stie
hoe’t it gie,
foar it ûntbinen
Him te finen,
deugd betrachtsje,
dy sil it heechste lok ferwachtsje.