
Mei M/F hat Jaap Krol op ’en nij in apart en eigensinnich boek skreaun. Yn syn debút Wettersek (2001) skreau er nêst mear tradisjonele ferhalen in romanachtige tekst dêr’t it ferhaal fan achteren nei foaren yn ferteld wurdt. Dêrnei kaam er yn de bondel Nûmers (2004), mei ferhalen dy’t spylje yn hieltyd in oar hûs yn ien en deselde strjitte.
Binnen it ynhâldlike en ferteltechnyske ramt fan Jaap Krol syn skriuwkeunst is syn styl in opfallend kenmerk: in protte koarte sinnen; gjin lange beskriuwings; to the point; byldzjende details; boartlikheid; nochal wat poëtysk oandwaande sinnen en passaazjes.
Yn M/F hat de lêzer te krijen mei Henk Faber en syn frou Mofro. De titel fan it boek is in fynst: Henk en Mofro scrabbelje har de dagen troch.
It libben fan Henk en Mofro is fêstrûn stiet op in stuit earne, mar dat hat de lêzer op ’e earste side daliks al foar it ferstân. M/F is wat dat oangiet in fuortsetting fan Nûmers, dêr’t Joke Corporaal oer skreau: ‘De simmer liket ûneindich fier fuort en at jo al net oanlis ta depressiviteit hiene, krije je dat wol.’ It libben fan Henk en Mofro wurdt healwei it boek sa gearfette: ‘Hjoed soe, ek al libben se mar yn in koart tiidsbestek, in gewoane dei wurde. In tankstasjon. Scrabble. Ite. Drinke. Sinke. Nei boppen gean. Der wie eins neat bysûnder oan, it wie ien en al oarder.’
De situaasje fan ’e personaazjes en de sfear wurde troch de skriuwer op in spesjale wize nochris ekstra beklamme yn in weromkommend spultsje dat er mei de lêzer spilet. Yn alle haadstikken bejout de ferteller him ien of twa kear bûten it ferhaal troch mooglike lêzersreaksjes te jaan en dêr kommentaar op te leverjen. Dat begjint (noch beskieden) fuort al op ’e earste side: ‘Guon moatte net ferjitte: Henk Faber wie in man ûnder tiidsdruk.’ It twadde haadstik begjint al sa: ‘Guon sille sizze: Henk Faber is wierskynlik in luie sliepkop, sa’n wurkleaze belestingûntdûker dy’t profitearret fan wat Jan Modaal allegear opkuche moat …. It hoecht net wier te wêzen. Miskien hat Faber wol wurk en hat er gewoan in wike frij.’ En op sa’n trijekoart fan it boek is it al dit wurden: ‘Guon sille sizze: De buertwinkel. Gadferdamme, it is sa dúdlik as wat dat hy it dien hat. De ûnderkrûper, smoarge smycht, berops-aow-er, houtwjirm, rotsoaier, drankjunk, ensfh. ensfh. ensfh.! Dat sit mar de hiele dei te niksen en te sûpen! Dit is wis: myn bern krije dit boek net te lêzen! Tsja. Guon moatte dit witte: Henk Faber syn dagen binne dizze wike yndie lang en ientoanich. Mar Henk Faber is in man ûnder tiidsdruk – hoe nuver it ek heart.’
It perspektyf yn it boek leit dêrnêst by Henk Faber, de ferteller lit de lêzer it dwaan en litten fan him en Mofro troch Henk syn eagen meibelibje en bringt de lêzer yn ’e kunde mei syn gedachten. Henk en Mofro binne dan wol ‘fêstrûn’ yn har deistich libben en winliken allinne mar dwaande om harren fysike en primitive behoeften te befredigjen, dat wol net sizze dat Henk net oer in aardich subtile geast beskikke soe: ‘Hy hie besluten dat se Mofro hiet. Hy woe har earst ‘Lila’ neame, mar hie dochs fêststeld dat ‘Mofro’ better wie. Oandwaanliker. ‘Lila’ wiene faak har klean, en ek har tinne hierbân. Mar ‘Lila’ wiisde op kwasy-djipte, hie wat sweverichs. Bopedat kocht er Lila wolris yn it tankstasjon. No woe er har bytiden wol opite, mar dan net mei yn ’e holle de namme fan in ko. Dêrom allinnich al wie ‘Mofro’ better.’
It boek telt 6 haadstikken, foar elke dei dy’t behannele wurdt ien: dat binne fiif dagen yn ’e bewuste wike en it lêste haadstik giet dan oer de earste ‘oare’ dei. Op summiere wize wurdt hieltyd oanjûn dat it in wichtige wike is. It giet net om samar in wike, nee om ‘dizze wike’, ‘dizze dagen’, ‘in wike frij’, ‘nei dizze wike’ ensfh., en der is sprake fan ‘tiidsdruk’ (om’t der net folle tiid mear is foar’t …). De lêzer wurdt opskipe mei de ferwachting dat der nei dy wike wat barre sil en dat wurdt ta in reden om fierder te lêzen. Dat is moai, mar it spitige is dat oare aspekten fan M/F meitsje dat it boek jin dochs net echt pakt en meisleept: yn it ferrin fan ’e ûnderskate dagen en yn it ferslach derfan sit amper of gjin fariaasje, it boek is yn alles boud op it prinsipe fan ’e werhelling en dêrnêst bliuwe Henk en Mofro dizenige personaazjes. Se ha it der op ’n stuit oer dat se yn ’e buert anonym binne. Dat binne en bliuwe se ek foar de lêzer. As gegevens komme geandewei nei foaren dat se no alve jier byinoar binne en dat it healwei mei harrren libben misrûn is. No docht út ’e oanhelle stikjes fertellerstekst bliken dat Jaap Krol ek beslist wol dat de personaazjes dizich bliuwe, dat dat no krekt it spultsje is. As elemint yn in boek moat soks fansels kinne, mar it hinget der dan wol fan ôf wat it boek mear te bieden hat.
Alle dagen ferrinne sa. Henk en Mofro komme fan bêd, moarnsite en begjinne te scrabbeljen. Se krije alle kearen wurden oer wurden en Henk wint it spultsje hieltyd. Underwilens giet Henk in pear kear deis om boadskippen nei it benzinestasjon dat sa’n fyftich meter fan harren hûs ôf stiet. Twa kear kear giet Mofro mei. Op syn boadskippelistke stiet: blikjes bier, wite wyn, port, smac, sjips, makarony, salami, bekerkes kofje, chocoprinsen. As er wer hinne moat is dat measytentiids om’t der mear drank komme moat. Al ûnder, mar benammen nei it scrabbeljen begjinne se te drinken – troch Mofro oantsjut as ‘sinke’. Se sitte dan byinoar en op ’t lêst begjinne se Beatle-ferskes te sjongen. En de hiele dei troch binne der de gedachten fan Henk, dy’t mar om itselde draaie: dat se fêstrûn binne en dat se belies jûn ha en dat it hjirnei, nei dizze wike oars sil. De dei wurdt op bêd ôfsletten mei in frijpartij, dat wol sizze Henk nimt Mofro. De tún leit fol rotsoai, in skuorre is ynstoart en it oanrjocht stiet fol. Wat dat lêste oangiet: ‘Hy gie nei de keuken en begûn it oanrjocht op te rêden. No ja, die it rút iepen, smiet der wat krommelboel troch, soe doe nije pantsjes út de kast krije en seach ta syn skrik dat er twa ôfspiele moast.’ Dat krommels-troch-it-rút-smiten wurdt dan in running gag, mei as apoteose dat er it ‘loftôfwask’ neamd. Typyske Jaap Krol-humor: maf. Ta dy humor heart ek dat Henk de man achter de kassa fan benzinestasjon ‘Himhar’ neamt, om syn lang hier en om’t er net daliks seach oft in man of in frou wie. En dêr kin ek ta rekkene wurde dat er om driging te suggerearjen hiel opsichtich mei in kisjeebyld oansetten komt: in swarte fûgel, in roek. Op ’n stuit lit in roek him yn ’e tún sjen en dy ferskynt dan fierders hieltyd wer. Dat oproppen fan in driigjende sfear is oars ek ien fan de spultsjes dy’t de skriuwer mei de lêzer spilet..
It benzinestasjon stiet as plak dêr’t it komt en giet fansels foar it fêstrûne libben fan Henk en Mofro oer. Soarget dat dan net foar wat beweging yn it boek? Amper. Op ’e earst dei dat it boek spilet krijt Henk wol in skok, om’t ynstee fan Henk Patje, syn nammegenoat, in oar achter de kassa sit. Henk is mei fakânsje, en ‘mei fakânsje’ wurdt dan in tema. De oare deis praat Henk mei in frachtweinsjauffeur, letter mei in man dy’t in karavan hat, op ’n stuit is der in kaart fan Henk Patje. Dy petearen roppe by Henk it plan om mei Mofro op fakânsje, se fantasearje der oer, sels om ek in karavan oan te skaffen.
Ek de wurden dy’t Henk en de pompbetsjinner wikselje binne altyd min of mear gelyk. Mar it is al sa dat de man achter de kassa nei Henk ta op ’t lêst in aktivere rol spilet. Hy trunet him in kear oan om gau wer nei Mofro ta te gean en oan it ein fan it boek ek om ris oar iten te keapjen. It aardige is dat de hâlding fan Henk it anonym wêzen fan Henk en Morfo relativearret.
Henk en Mofro binne wiis meiinoar, op subtile en treffende wize wurdt dat oantsjut, mar tagelyk spilet der wol it ien en oar. Dat fêstrûne libben fan har fansels, mar ek op in oar nivo. Henk wint altyd by it scrabblejen, mar Mofro hoecht mar wat te sizzen of Henk draaft foar har. Hy docht wat Mofro seit en soarget foar alles. Yn harren petearen – se prate hiel wat ôf – komt inkele kearen it nijsgjirrige punt nei foaren; dat de iene altyd antwurdzje sil as de oare wat freget: ‘- Wy kinne net sizze: do hast my noait frege om it net te sizzen. – En wat hâldt dat yn? – Dat ik dy altyd antwurd jaan sil. En do my ek. Dochs? – Ja.’
De lêzer freget him op in stuit ôf oft der yn harren ferhâlding oan ’e ein fan ’e wike rollen omdraaid wurde sille? Dat bart yndie: Henk ferliest by it scrabbeljen en op bêd by it frijen is it net Henk dy’t op Mofro mar Mofro dy’t op Henk komt.
Wat hâldt de ‘ûntknoping’ op de op ’e earste nije dei, no yn? Henk en Mofro begjinne te húshâlden, it scrabblespul wurdt opromme en út in advertinsje yn ’e krante dêr’t Henk foldien glimkjend nei sjocht, docht bliken dat der ek wer jild fertsjinne, yn alle gefallen dat de tún oprêden wurde sil: ‘Te koop: Brandhout Bel Henk Faber.’ Se begjinne op ’en nij. Dat is net sa spektakulêr. It foel te ferwachtsjen ja, mar dochs tinkt men: moast men dêr it boek foar troch? En dan is der noch wat mafs: se ha in priis wûn yn ’e steatslotterij.
Dat is in apart ferhaal. By oankeap fan mear as 15 euro hie Henk in steatslot krije kinnen, Hy woe it doe net ha, mar it docht bliken dat de pompbetsjinner it foar him bewarre hat: Himhar, twa plysjes en in notaris komme by Henk om him it heuchlike nijs te fertellen. Hoe kin it dan oars as dat Henk en Mofro it boek útdûnsje op in Beatles-ferske. De komst fan dy twa plysjes is oars tagelyk it beslút fan in oar spultsje dat de ferteller mei de lêzer spilet. Fuort yn it begjin fan it boek lêst Henk yn ’e krante dat in dief in graai yn ’e kassa fan it buertwinkeltsje dien hat op ’e selde dei dat hy dêr ek wie. Dat feit wurdt sa no en dan ophelle, de suggestje wurdt dien dat Henk it wolris dien hawwe kin en yn it foarlêste haadstik stean yn it benzinestasjon ynienen twa plysjes achter Henk te wachtsjen.
Ek dit boek makket dúdlik dat Jaap Krol omraak skriuwe kin, it subtyl wit te sizzen, in baas stylist is. Yn M/F sitte prachtige, goed trochtochte, nuveraardige, pakkende, moai absurde, fermaaklike en humoristyske eleminten. Mar de ferhaalline is wol hiel meager. En gauris wol men in eintsje oerslaan, sa as by de petearen, by it scrabbeljen, by de sjongsessys mei sitaten út de ferskes fan de Beatles, by beskate werhellings. Der is gjin goeie dosearring, it ûntbrekt it boek oan balâns.
Ien fan Henk syn weromkommende gedachten giet oer ‘ferlieze’. Dat set út ein mei: ‘Mar der wie neat oan te dwaan. Ferlieze wie de tiid trochkomme. Ferlieze wie de tiid in hân jaan. Ferlieze wie wachtsje op it momint dat it ferlies draachlik wie.’ Deselde bewurdingen komme dan hieltyd werom. Soksoarte passaazjes suggerearre dramatyk en tragyk, sa as bygelyks ek dizze: ‘Dêrom wie it sa: hy wist dat as dizze wike om wie, dat dan pas de wike komme soe. Miskien soe er hiel goed witte dat er hast blommen kocht hie. Of dat er op in middei yn ’e rotsoai-tún ûnder de konifearehage stien hie. Miskien koe er it grutte, wite gesicht fan Himhar samar werom. Of wist er wer dat er fiif-tellen Sineeske tomatensop dronken hie. Of hearde er samar de treden fan de trep . Mar dat allles soe er allinnich witte om’t er it oare wist.’
Dramatyk en tragyk mei dêr tsjinoer it ôfstânnimmen en de humor, it foarmet de essinsje fan Krol syn benadering fan in tema, in ûnderwerp. It is syn skriuwtrant. Om him net te ferliezen yn ’e dramatyk en de tragyk skept er ôfstân, hâldt er it dizich en bringt er syn humor en lichte en poëtyske toan, syn taalspul yn. Ik weagje de konklúzje dat Krol as skriuwer winliken yn in spanningsfjild ferkeart dêr’t er noch net goed mei om wit te gean.
Moat ‘scrabbelje’ ek sjoen wurde as in metafoar foar it boek dat Jaap Krol skreaun hat? It soe bêst kinne dat er ús sizze wol: sjoch nei myn wurden, besjoch se fan alle kanten, sjoch wat foar wurden ik lein ha, sjoch goed nei myn boartsjen.
Jaap Krol
M/F
Bornmeer, Ljouwert / Utert 2006