
Foaropwurd 114
fan freed 25 april 2008
Dizze ôflevering fan Farsk hat in moai rynske en fariearre ynhâld. It is folop maaitiid no.
Poëzy
Abe de Vries lit him nei syn Gysbert Japicx-priis en nije baan by de Friese Pers Boekerij iwer as dichter hearre. Op dizze ôflevering stean twa gedichten, aktueel en engazearre.
Kollums
Ytsje Hoekstra komt mei ‘har geheim’ foar it ljocht en hat foar ús in nij wurd opheind: polyamory.
Skermer lit witte dat er al wurch wurdt fan kultuerdeputearre Jannewietske de Vries.
Proaza
Yn dizze ôflevering binne in ferhaal opnommen fan Klaske Hiemstra en in tekst fan Jouke Hylkema.
Wat dy lêste oangiet dit:
Jouke Hylkema sil foartoan fêst oan Farsk meiwurkje.
Foar it ûnderdiel proaza hat de redaksje in nije meiwurker oanlûke kinnen, Jouke Hylkema. Hy sil in koart proaza publisearje yn ’e foarm fan fingearre ynterfjoes, dy’t reitsje oan ’e aktualiteit. Sa komt yn de tekst op dizze Farsk trener Gertjan Verbeek tsjin.
Besprek
Edwin de Groot sjocht oer de grins en bûcht him oer in nijsgjirrige útjefte fan de Grinzer útjouwerij De Kleine Uil: ‘Kwam iemand in de tuin vanmiddag: een poëtische hommage aan C.O. Jellema.