
It wetter dripte op ’e flier. Hy hearde it wol, mar seach ta it rút út. Dit wie belangryk. Hy mocht him net ôfliede litte, no.
Ynienen rûn er nei syn buro en die syn e-mail iepen. Gjin berjochten. Hy begûn oan in nije e-mail:
‘Achte hear, mefrou.
Hjirby stjoer ik jo de tekst fan in lytse advertinsje:
“Joast, it oere fan de wolf is kommen.
Ik bin noch net klear mei dy.”’
Wat soe er skrikke, as er dit lies, yn alle kranten dy’t er betinke koe. Joast soe him skamje en him ferûntskuldigje, dat er sa hûnsk west hie. Hy soe opbelje. ‘Bêste Jelle,’ sizze. En hy soe grut wêze, meileien hawwe, want mei sokken moat men allinnich mar meilijen ha. Sokken dy’t tinke dat der net mear is tusken himel en ierde, dy’t de wrâld kâld meitsje, net leauwe yn in streekrjochte ferbining mei God, of it hegere, foar syn part. Mar earst moat er brâne, de skrik fan syn libben ha, syn namme mei al dy drigeminten yn alle kranten.
Earst noch even de e-mailadressen opsykje op Google.
Lokkich wie Aaltsje net thús. Se soe dit net goedkarre. Se siet him tefolle dwers. Dit wie net goed foar him, dat wie net goed foar him. As koe sy meitsje dat er him wer fielde as in pear jier lyn. Dat moast er sels dwaan. Hy moast gewoan syn gong gean kinne, dan kaam alles wer goed.
Sa, sân krante-adressen, no koe it boadskip fuort.
Ferstjoere, klear.
Even siet er foar him út te sjen. It wie oars fijn hjir te wenjen, sa op de romte. Dat it hûs wat âlder wie, makke haren net út. Seker net no’t er sa faak út it wurk wie, hie er it moai oan tiid om lytse reparaasjes te dwaan. Mei de hannen wurkje wie ûntspannend.
Hy koe it kninehok wolris skjirje hjoed, in moaie beuzichheid foar ien dy’t ompakt mei oerspanning, oft burn-out, oft hoe’t men soks ek neame mei. Of noch oars. Hy neamde it net, sels net yn syn holle. Mar hy siet der mar moai mei. Oergefoelich, seine se ek. Dat kloppe wol. Foaral op it wurk hie er oergefoelich west, foar it rinkeljen fan de telefoan, it praten op de gong, dat der altyd samar ien binnenkomme koe mei in boadskip. Noait wie der langer as tsien minuten rêst.
Hy skodholle.
Eins woe er noait mear wurkje, mar Aal wie der op tsjin. En dokter spanne mei har gear. Op it wurk hiene se syn taken ûnderhân wol ferdield, dêr koe er mist wurde. Wa soe ferwachtsje dat Jelle noch werom kaam op it gemeentehûs?
Ynienen waard er wekker.
Djip bûgde er de holle oer syn buro. Dit hie net moatten. De advertinsjes net. Hoe let wie it no. In kertier wie it berjocht fuort, it moast noch kinne. En hy soe nei de helpdesk fan de GGZ belje moatte. In fleach, wat hie er stom west dat er it net sjoen hie.
Hurd hurd makke er in nije e-mail. Trochstjoere, en dan dêrboppe sette dat it in fersin wie.
Wat djoer soe dat wurde, sân advertinsjes yn dy grutte lanlike blêden.
Lokkich lies Aal nea syn e-mails. Of wol?
Hy fielde him ûnwierskynlik helder. De e-mail wie fuort. En no mar bidde, dat der gjin ferfolch op kaam. Hy fielde him skuldich. Der moast noch wat barre. Hy moast syn psychiater belje. Hy moast it ûnder eagen sjen. Sa’n fleach hiene allinnich minsken dy’t manysk-depressyf wiene. Hy moast it ûnder eagen sjen. It wie dus noch net oer. It hie net fan foarbygeande aard west, wat er mar al te graach leauwe woe, omdat it al twa jier lyn wie, dat er ien kear… in bytsje raar dien hie.
Hy belle.
‘Mar jo kinne der sa goed oer prate,’ rôp de tsjinstdwaande psychiater. Ja, dat koe wol wêze, mar wat moast er dwaan?
‘Moarn mar op it sprekoere komme, it is no te let,’ miende de man. ‘En it giet ommers sa bêst as wat.’
Jelle lei op.
Wachtsje, hy moast wachtsje. As der mar gjin fleagen mear kamen.
Der dripte wetter op ’e grûn. It waard in plasse. Hy fernaam wol wat, mar kaam net yn it spier.
Jelle seach ta it rút út. Yn de fierte kaam Aaltsje oanfytsen mei twa grutte tassen oan it stjoer. Se wrotte om thús te kommen. Hy soe it har fertelle moatte.
Pas ûnder it kofjedrinken sei er it.
‘Ik ha moarn in ôfspraak mei de psychiater. Ik hie sa’n rare fleach.’ Mear net.
Aaltsje wie hast in bytsje lilk.
‘Hast wer te drok west,’ sei se, mar dat wie it net.
Hy gie nei bûten om it kninehok te skjirjen en liet har prate. It wie te dreech no. It soe moai wêze as der wer in knyn yn dit moaie hok kaam. Hy koe it ek noch wol even opfervje. Grien, dat hie er noch. Krekt sa’n moai putsje. No net sitten gean. Trochgean. Nee, gjin sin oan iten, hy moast der net oan tinke. Hy wie suver wat mislik.
Pas teedrinkerstiid kaam er wer yn ’e hûs. Aal naam him op en skodholle. Do bist noch fier fuort, sei se. Hy fielde it wol. Dat se it by it rjochte ein hie. Mar nuver, der wie ek wat goeds oan it fier fuort wêzen. As koe er de himel better berikke as de ierde. Yn de himel is it better, mar dat sei er net, om Aaltsje net oerstjoer te meitsjen. Hy wie rêstiger no’t se by him wie. Se hâlde de de eangsten by him wei.
De dei duorre te lang. Hy wie bliid dat er de jûns foar de televyzje sitte koe. It iene programma nei it oare gie oan him foarby. Hieltyd sprongen der teksten harren foarby om tsjin him te sizzen dat er grut wie, in man dy wat te sizzen hie, en se soene harkje. Hy naam it oan sûnder deroer nei te tinken. Aal moast it net witte. Hy woe net gekker wêze as er al wie.
Hy hearde yn ’e fierte it tikjen fan de wetterdrippen. Se foarmen in plasse, dy’t grutter waard en oer de drompels fan it hûs streamde.
Hy tocht net nei. Hy seach nei it rút dêr’t in wrâld oan him foarbygong, in wrâld dêr’t er diel fan útmeitsje soe. As er it goed begriep. Mar bang wie er net. De betsjoening wie sêft en oanhâldend, ynnimmend sels.
De jûns op bêd koe er net sliepe. Hy hâlde ek Aaltsje út ’e sliep mei fragen oer har jeugd, har âlden en hoe’t se wurden wie lyk as se wie. En as se even stil wie, hast yn ’e sliep foel, begûn er te fertellen fan syn boartsjen en de lilkens fan syn heit, de sêftens fan syn mem. It wie healwei seizen ear’t de sliep harren beide dochs noch te pakken krige. En om sân oere gie de wekker, want se moasten om njoggen oere op it sprekoere wêze.
Doe se deryn kamen, siet it al aardich fol mei minsken. Der siet in frou mei in grutte boadskiptas staf foar har te sjen. In man en in frou sieten wat gemaklik op it puntsje fan de swarte bank. In jonge fan in jier as tweintich seach bang. Hy woe net sitte en besocht hieltyd fuort te rinnen, mar syn freon wist him alle kearen wer werom te heljen.
Hy siet om him hinne te sjen. Wiene dizze minsken allegear siik? Of gewoan bang, yn ’e knel kommen, troch wa wit wat. Ynienen oerfoel him in gefoel fan leafde foar dizze minsken, spesjaal de frou mei de boadskiptas en de jonge dy’t it allegear net mear ferneare koe en fuort woe, allinnich mar fuort.
Doe begûn it sjongen. Earst kaam it út de mûle fan de frou, doe fan de jonge, en ek de man op de bank song mei. Aaltsje seach him wanhopich oan. Hy besocht him yn te hâlden, mar in stim yn syn holle sei: it de muzyk yn dyn libben komme Hy koe net oars mear as meidwaan, en song, en fielde him ferbûn mei de ferdrukten yn dizze swarte wachtkeamer, en hope dat sy allegear holpen wurde soenen, mei leafde, as it koe.
De frou wie earst oan bar, mar it sjongen hâlde pas op doe’t de lêste oan bar wie. Hy.
‘Ik hear it al,’ sei syn psychiater wurch. ‘It is wat ûnrêstich allegearre, hjoed. Hy krige medisinen mei, oer trije wike werkomme.
Doe’t er thúskaam seach er in grutte plasse wetter dy’t oer de grientebêden yn de tún hinne streamde.
Hy wist: dy streamt de wrâld oer, dit wurdt de grutste plasse dy’t men ea sjoen hat.
En yn syn holle song Jim Reeves foar him: o matter what the world may say about you … and most of all I love you because you e you…