
Poëzy
De oarspronklike poëzy yn dit nûmer is fan Hindrik Spin en Jacobus Q. Smink.
Spin dichtet:
As is ‘t fjurrige leafde dy’t ik yn dy skroei;
No sykhellest wer frij en mei ik daalk
Smink seit dit:
ik bin ien dy´t ris in stientsje fynt
dat achterlit as tonge fan fjoer
Kollums
Yn syn kollum ‘Ynienen tocht ik it’ skriuwt Skermer: ‘Ik hoech dêr net te farren, want it is dêr net sa as it yntinsivearre byld dat ik yn ’e holle ha.’
Willem Winters hie it even nuver yn ’e holle (‘Der wurdt in soad praat oer minsken dy’t te min nei keunst sjogge, mar kin it ek te folle wêze?’), mar komt wol mei in statement oangeande it Ljouwerter kultuerbelied.
Besprek
Jacobus Q. Smink besprekt de nije dichtbondel Stjoer de strjitmakker fan Piter Boersma. Hy skriuwt: ‘It dichtwurk fan Boersma is tagonklik, tige orizjineel en it sit fol moaie passaazjes mei each foar lytse dinkjes en gjin wurd is ûnbegrepen.’
Oersettings/ translations
Op it oersetmêd dizze kear trije bydragen. Fan ’e Ingelsman Gareth D. Jones is der in ferhaal yn in oersetting fan Janneke Spoelstra en fan de Nederlânske skriuwer Atte Jongstra, mar Fries fan komôf, in gedicht yn in oersetting fan Jacobus Q. Smink. En Andries Miedema sette in gedicht fan Slauerhoff oer.
Atte Jongstra dichtet yn ‘Boarstwolkensbyld by Burdaard’:
Binnen. Benevele Burdaard Bibberet
Beneare By Boarstwolkensbyld.’
J. Slauerhoff hat de Sinees Sji King sa neidichte::
‘binne ús bonken wyt, ik wit
de moanne skynt giel op ús del,’
Gareth D. Jones skriuwt yn ‘De hûn syn bêste freon’: ‘Tsjin syn skonk naam de waarme druk fan ien fan de hûnen ta mei’t dy tsjin him oan line en sêft jankte.’