
Ynienen tocht ik it.
Ik wie de jûns nei iten mei de auto nei de krite riden dêr’t ik om ’e twa moanne wol in kear kom.
Feangrûn, wetter, reid.
Ik wit net oft myn gedachten doe bewust op syk wiene nei wat.
Wol is it sa, dat as ik dêr bin alles yn my wagewiid iepen stiet. Ik fiel my dêr net gewoan.
Mar ynienen tocht ik it.
Ien fan ’e dingen dy’t ik altyd doch is op ’e polderdyk fan ’e brede Langesleat stean, dêroer en oer de djippe polder oan ’e oare kant hinne nei de dizige wylge- en elzeboskjes fan ’e wetterwrâld fan ’e Alde Feanen dêrachter sjen.
Ik hoech dêr net te farren, want it is dêr net sa as it yntinsivearre byld dat ik yn ’e holle ha. Ik ha dat ferline jier noch ris belibbe.
Fierders rin ik de iene kear de kuier oer it kuierpaad tusken ’e pette-, reid-, gerslân- en broekboskwrâld troch en de oare kear de kuier fan it binnendykje ôf oer it kuierpaad oer it paad oan de râne fan gerslannen mei oan myn oare side in feart en feanpetten dêrachter. Yn ’e gerslannen rinne altyd wol in pear earrebarren.
Ik liet de eagen oer de gerslannen gean nei de toer fan myn bertedoarp dy’t boppe de reiden yn ’e fierte út kaam.
Ynienen tocht ik it.
Ik ha as jonkje op it nêst op in hege peal oan ’e ein fan it skieppelân fan ús pake earrebarren sjoen. Dêrnei nea wer, in ivichheid ha se fuort west. Mar sûnt in stikmannich jierren binne se der wer. It fernuveret my noch elke dei.
Dizze krite. Ik woe elk elemint, elk aspekt derfan oant yn ’e ivichheid belibje.
Ynienen tocht ik it.
Wat ivichs. Dêrom kom ik hjir.
Doe skimere it my en seach ik de wrâld yn weagen.