
Alle kearen hat er jin te fiter; Piter Boersma komt mei wer wat ûnferwachts oansetten. Kwalik ien sjocht it oankommen, mar as dizze dichter wat yn ’e plasse hat, sil it der útkomme ek. As lêzer fan syn nijste bondel, Stjoer de strjitmakker (Hispel, 2010), meitsje je op alle siden wat fan in ûntregeling mei yn ’e gedichten, dy’t allegear fan it perspektyf út wei fan dingen, ferskynsels en planten skreaun binne, op ien ‘fleislik’ fers nei:
it kût
fan har oannimlik stal
binne wy it
dy’t har foar him
opwinend meitsje
ik bin stevich
mar net oerdiedich
krekt goed
kin belykje
seit er tsjin har
de kûten fan de frou
dy’t er as skoaljonge
yn it middeisskoft
op ’e nijstêd rinnen seach
mei har galant
ik bin grutsk as in pau
op syn útsteande fearrepracht
s. 69
Alle titels oant en mei de ynhâld ha in bepaald lidwurd krigen. Dat jout de bondel in êr fan absolutens en beslistens, as binne it krekte en technyske beskriuwings, mar ûnder it lêzen blykt it benammen te gean om persoanifikaasjes mei alderhanne emoasjes en gefoelens. As yn Vasalis’ Steen, mar dan eksimplarysk it hiele album troch yn krekt twaënsechstich allegoaryske fersen.
Steen
Verdriet kit al mijn krachten samen,
zodat ik roerloos word als steen.
Mijn hele wezen wordt materie,
een ondoordringbaar star mysterie,
o sla de rots, opdat ik ween.
© M. Vasalis, Amsterdam 1954
Alle foar- en ûnderwerpen kinst thús hast weromfine, want it kin gean fan de blompot oant en mei de lape stof. In inkelde kear moat de dichter fierder fan hûs west ha, mar hy kin alles ek út ’e boeken en fan gûgeljen wol ha. Sa komme de stjer, de rotspunt, de hûndertmeterpeal, de râne, de rivier en it eilân njonken de gedachte, it wurd en it getal foar yn dizze bondel. Al mei al is it risseltaat in soad snoad en grappich praat fan dingen en planten yn ’e hûs en om ’e doar, dêr’t je in glim fan om ’e mûle krije ûnder it lêzen.
Alle tinzen en gefoelens binne ‘zen’; nei omstannichheden yn geastlike harmony en mei ynholden, meast humoristysk kommentaar op de eigen sitewaasje en op dy fan ‘e man, soms op dy fan ‘e frou. Sa jouwe de fersen wol refleksje op it bestean fan dy twa persoanen, mar dy twingt net en spilet net in dominante rol. It is it ding dat ûntregele(t) en faak evokatyf is, dêrfandinne miskyn ek it ymperatyf yn ‘e titel fan ‘e bondel.
de trotwaartegel
yn myn side geregeldwei
de punt fan in skoech
ik lis omheech
dy’t oer my stroffelet
sjocht my lilk oan
ferwinsket de gemeente
oerlevere bin ik
oan wa’t oer my giet
my treft gjin skuld
mar wat jout it
it is net aardich
ik bin in ergernis
soargje foar iepen knibbels
alris foar in stikkene pols
in gat yn ’e holle
wa wol soks no
lis my wer rjocht
stjoer de strjitmakker
s. 8
Alle seis terzinen lykje rjocht en sljocht skreaun, mar hieltyd strakker en fergjender twingt it perspektyf ôf, dat ‘wa ’t oer my giet’ oereinkomt nei de oprop en de strjitmakker stjoert. De strjitmakker is de feint fan it fluorjen; hy sil op ‘e knibbels gean en de tegel teplakbidde as hat God sels him stjoerd. Hoewol’t de dichter syn bondel strak opboud hat, is it al sa dat at random lêze hiel goed kin; op alle siden stiet der sûnder útsûndering in helder fers yn almeast parlando mei in ynhâldlike suggesje fan sinlikheid. It ierdske lit him aaie as bestiet it paradys: de dichter is úteinlik ta de eamels gien en kealer, grizer en wizer wurden.
it getal
earst in seis
en dan in twa
de seis is moai
de twa bryk
fyn iksels
seis kear twa is tolve
seis min twa is fjouwer
seis plus twa is acht
allegear even getallen
dat is wol wer aardich
mar noch neat by dit
seis dield troch twa
is trije it geloksgetal
twaensechstich
dat bin ik
ik jou syn âldens oan
it tal gedichten
ik bin it nûmer
fan dit gedicht
s. 74
Alle albums fan dichter Piter Boersma binne apart en oars as oars, mar eins alle kearen wif balansearjend op wat persoanlik is en wat universeel en yn Stjoer de strjitmakker is dat wakker ek sa en boppedat tige slagge. It gedachtelibben fan it húskerútsje wurdt net leger oanslein as dat fan de stjer. Sûnt Net to kearen emoasje (1972) liket de dichter yn dat stik fan saken ûnferoare. It dichtwurk fan Boersma is tagonklik, tige orizjineel en it sit fol moaie passaazjes mei each foar lytse dinkjes en gjin wurd is ûnbegrepen. It prosedee fan dit nijste album ferwurdt nei myn idee net ta in menierke, al leit soks hjir en dêr wol op ‘e loer en is it oantal fan twaënsechstich fersen ek twangmjittich. De frije foarm fan de fersen jout de dichter wat romte yn it byntliif fan beheinings dy’t er himsels oplein hat.
Alle moais wat ik fûn ha ûnderweis, ik bin ûnder de yndruk rekke fan it bysûndere yn it gewoane en oarsom, dochs mis ik al ien feninich fers oer dy frekte drompel dy ’t de stabilisatorstange fan de lúkse wein stikken batst en de nieren fan ’e motorrider klappen ferkeapet.
Alle kearen dat ik wat opskreaun ha oer syn dichtwurk ha ’k my der eins maklik fan ôfmakke; ik doel yn dizzen op wat ‘losse gedachten’ yn in briefwiksel mei Jan Kooistra yn Hjir út ’e foarige ieu oer It swurd út ’e stien (1992). Ek yn de ‘amusante lichte stikjes’ fan Wobbelke mei Edwin de Groot yn Ensafh 6 fan ferline jier haw ik net tige serieus west oer Ritueel (2005). No sa: it dichtwurk fan dizze maestro is eksperimenteel, matematysk, wis- en natuerkundich, yn rommere sin astronomysk èn obsessyf, emoasjoneel en tige gefoelich yn ingere sin èn tagelyk is it as ‘it deiboek fan de doarpsjonge’ mei de fuotten op ‘e flier fan ‘e studearkeamer. Dizze útskroeven stelling liket my wat asfalt en klinkers mei struisân wurdich; dy moatte dan fansels wol fluorre en walst wurde troch in oare strjitmakker as ik; sa djip doar ik as deabidder net troch de knibbels te gean, amen.
Oer: Piter Boersma
Stjoer de strjitmakker
Hispel Wiuwert 2010
ISBN 9789074516105