
‘Ik bin gjin keunstner hear, mar ik fyn dy wizende earm wat tefolle passen by in
tsjoender.. in fisionêr..in politikus bygelyks!’
Byldzjend keunstner Rainer vd K. draait in sjekje, as wol er him noch eefkes tariede op in kundich andert. Hy knypt de eagen eefkes letter ta as er hoeden in smookje nimt.
‘Dêr hawwe jo al wat gelyk yn, mar de supportersferieniging woe it no ienkear sa, in fuotbaltrener wurdt ommers oansteld om oanwizings te jaan, om in klup te stjoeren’
‘O ja, dat jou ik grif ta, mar it is nochal.. foars útfallen’
Rainer vd K.: ‘De ferieniging wol in huldebetoan oan in grutheid lykas by it byld fan ‘Lenin’ yn Appelskea, it leafst in meterke as njoggen tsien heech, sadat it sis mar in ûnderdiel fan ’e Feanster skyline wurde sil. ’
‘Is dat net wat sneu foar ús Abe?’
V.d K. blaast krêftich in mûlfol út, as befalt dy fraach him net.
‘It byld fan Abe Lenstra falt ommers hast net op, allinnich om’t er wat mei in bal ompielt kinne wy sjen dat it nei alle gedachten om in ferneamde fuotballer giet. Ik bin it dan ek folslein mei myn opdrachtjouwers iens om it no ris oars oan te pakken, sjoch mar nei al dy ikoanen út ’e Russyske skiednis. De Russen witte hoe’t je helden fereare moatte.’
Vd K. makket dúdlik dat er syn nocht hat fan it fraachpetear.
‘It spyt my mar ik moat wer oan ‘e gong, it moat klear wêze foar’t Verbeek ôfreizget nei Rotterdam ynkoarten!’