
It wurd ‘skermesearje’ skeat my troch de holle, of leaver sein de útdrukking ‘earne mei skermesearje’. En as fansels tocht ik doe oan ús kultuerdeputearre Jannewietske de Vries.
Jannewietske wol wol. Se hat grutte plannen: Fryslân moat de kulturele haadstêd fan Europa wurde moatte. Wannear? Oer tsien jier! Yn 2018! Fansels, sa’n idee moat no al yn ’e weak set wurde, men moat no al jins kandidatuer stelle.
Jannewietske sil it fêst serieus miene. Mar wêrom komt se der yn ’e frede te pas en te ûnpas mei op ’e proppen? Wêrom slacht se der sa mei om har hinne?
Om’t se fierders neat foar ús yn it fet hat.
Jannewietske de Vries is ús kultuerdeputearre foar de kommende fjouwer jier. En it giet der fansels yn it foarste plak om wat wy no fan har ferwachtsje kinne? Mar dat sil mar in bytsje, miskien wol neat wêze. Der moat ommers besunige wurde. ‘Budzjetneutraal’ is de alderposityfste mooglikheid. De ambysjes fan ’e provinsje binne lege wurden. De ideeën dy’t út it fjild weikomme wurde treflik neamd. Men krijt in klopke op ’e rêch, mar dat is it iennchste wat de provinsje te bieden hat. De kultuer leit oan ’e achterste tit.
Jannewietske is as kultuerdeputearre deagewoan de pineut. Skermeasearje mei wat dat fier yn ’e takomste leit, is de iennichste útwei dy’t se foar harsels sjocht, sa te sjen.
Se is noch mar krekt los, mar ik bin no eins al wurch fan har. Kin it noch goed komme?
Bêste Jannewietske, meist wis ek in lyts bytsje sweve, mar it moat alderearst om it ‘hjir en no’ gean. Skermesjearje net langer! Hâld dysels net langer foar de gek! Sis wêr’t it op stiet en doch derneffens! Ik wol bêst yn dy leauwe, mar op ’t stuit kin ik dat net.