
Twa gedichten foar in skilder
Myn spylfeints blide dei
Wa helpt my op Pindus hichte
út dizze lichte
dêr’t ik lis allyk in ein
yn it griene flaaks te kwaakjen.
Sil ik it staakje,
fui, myn rie is no te’n ein.
Soene de Muzen dy’t heech sitte, it wol witte
dat har styfbern hjir sa leit,
dan hie ik help ta it ferjieren en it fieren
fan myn spylfeints blide dei,
mar ik wurd bang fan jierdeifersen, troch de bressen
dêr’t de grize tiid al siedt,
my neiby yn it spul ferbjustert en fertsjustert
hoewol myn plicht my twingt, gebiedt.
It bloed krûpt no troch nauwe ieren, stramme spieren,
smoarge hjerst krimpt focht en kleur.
Ik moat wol earst in flesse ûntkurkje, dan sil it wirkje,
sok fertinjen makket fleur.
Sa, dat smakket, no oan it rymjen en oan it lymjen,
it ljocht skynt no dan yn dat punt,
dêr’t myn freon him oan syn sinnen bringt te binnen
doe’t him de earste reis waard gund.
Ik winskje dan kin winskjen rikke, dat gjin prikke
ea falt yn dyn libbens-rêd,
dat ús trie noch lang mei spinne, tiid bewinne,
it libben wurdt men selden sêd.Groei dan Eagen om troch penselen fuort te telen
dat de dea der bang fan wurdt,
ik priizgje it wurk; hoewol’t se oars neat meitsje om oan te reitsjen,
it bringt doch syn geliken fuort.
mar sjedêr, eardat ik it wiste dat ik se miste
biet ik myn neilen koart en klien.
Fui, dat komt fan ier-fers-skriuwen, ik sil doch bliuwe
dyn yntime. Ik meitsje dien.
It skilderij fan de sjongklup (troch Cynthia Linige)
(Oan de earweardige hear Japik Kûper doe’t er de sjongklup skildere hie de 22ste fan ‘e bloeimoanne (maaie) 1775)
Wolkom fammen yn ús wenning!
Wa dochs wiisde jimme it hûs?
It is net twongen noch op dol-rûs.
Wel sjedêr, ik wit gjin beleanning!Wa joech jimme kreazens rang?
Wa holp jimme te ferfarren,
mei al it spyltúch, al dy snaren
en it noatboek fan elts sang?It is in drokte sa yn Maaie
út it lân fan Muzen wei.
Ik tankje tûzenris dizze dei.
Soe ik myn gelok bekleie?
Nee ik sjong dat it yn ‘e glêzen skuort,
dat myn lûd-brûs har docht skodzjen.
Ik bin no frij fan al it bodzjen,
sjoch, sa lûkt men it wurkjok fuort.Koe ik no mar wat heger kliuwe:
dêr’t Pegasus’ wietens brûst
en troch stiennen ieren slûst.
Ik liet it seker net by it priuwen,
mar hy dy’t it sa fier brocht
dat jim yn ús keamer sprongen
moat ik tankjende ta sjonge.
Ik wurdt mei rjocht oars wol betocht.
Tankjend wol ik seker skriuwe,
is it gjin goed poëte-lean?
Hjirfan moatte se dochs bestean.
ik wol hjirmei syn tsjinstfaam bliuwe.