
foaropwurd
freed 29 juny 2007
De digitale linen fan Farsk rûnen foar dit nûmer dwers troch in Feanhoopster petgat.
Dit tsjokke simmernûmer is sadwaande ‘powered by’ Rink van der Velde (1932 – 2001), skriuwer fan û.o. De Fûke, Feroaring fan Lucht en De Ofrekken (1). Harkje nei de petgatpetearen oer dit nûmer, optekene yn Rink syn Skriuwersarke.

Markol op it nest: ‘Hear ik dat goed? Veenbaas hjir wer en dat twa kear?’
Markolpyk yn ielstikel, piipjend: ‘Ja, en ek in Jenny Veenstra, mar dy kin ik noch net.’
Reidhintsje: ‘Ik kreakje no jim nest, opdonderje, hjir komt Elmar Kuiper!’
Swannepear, elk trije piken op ‘e rêch: ‘Wy sette grize en wite piken oer, migels en tsjoenders neffens frou Bilker.’
Mûdhûnen, ridzjend ûnder’e pompeblêden: ‘Frou Veenstra komt foar de twadde kear!’
Kikkert, op in driuwende flesse: ‘Hylke Tromp! Dy hat wy hjir ferline jier út’e sliep hâlden’
Snoek, deastil yn in sinnestriel op it wetter: ‘In Non-event? Ropt Durk van der Veen dat?’
Muskusrôt, noflik motorjend mei de sturt: ‘Nyk de Vries yn Paradiso?’
Iensum einepykje, mem weirekke by reboelje yn’e ûnderwâl: ‘Swim ik yn proaza fan Atsma?’
Ielgoes op besite út Earnewâldster koloanje: ‘Wynfisken fan Oosting, hat Heslinga it oer?’
Beammarter, nachts, krekt foar de plûns yn it pet: ‘Hokker Ofrekken hat Van den Berg lêzen?’
Koekoek: ‘It kin hjir ek reine, mar frou Hoekstra makket inkel moaiwaarfoto’s.’
Mûzefalk, heech yn ’e loft: ‘Even in Cornelis-filmke oppakke’
Guozzen oerfleanend nei ûnbekinde bestimming: ‘Wy nimme de redaksje mei op fakânsje.
Farsk 100 komt ein septimber út. Op papier, yn boekhannels, mar wy komme hjir ek wer del.’