Jelma Knol

Boys

logo.ensafh

Yn de sechstiger en santiger jierren wie alles besprekber, sels seks mei bern. Faak waard yn bepaalde progressive fermiddens net iens de fraach steld oft it wol ferstannich wie om minderjierrige bern lestich te fallen mei de seksuele gefoelens fan folwoeksenen. Tsjintwurdich sit alles wer yn it tabûfet: it wurd útsprekke is al hast in deasûnde bedriuwe. Oer Wim Kan en syn foarleafde foar famkes kinne wy noch wol in bytsje gnuve. Mar it soe my hjoeddedei net benije dat it boek fan Jan Hanlo Go to the mosk, oer syn relaasje mei in moslimjonkje fan tolve, trettjin yn in soad antikwariaten ûnder de tafel ferkocht wurdt. Fierstente eksplisyt fansels, al docht Hanlo him yn it boek wat skynhillich foar as de rêder fan dit strjithoerke.

Yn dat ljocht besjoen mei Lytse roman fan Jon Fels fan Aggie van der Meer út 2002 wol útsûnderlik hite. It is in bysûnder boek fanwege de poëtyske styl fan de skriuwster, mar benammen ek omdat it in ûnderwerp oansnijt dat al wer jierren lang tabû is: pedofily. De skriuwster docht dat op in ynhâlden wize, sûnder in skyn fan sensaasje.
Dat jildt ek foar de BBC-dokumintêre dy’t ik seach oer Benjamin Britten. Dat programma waard in jier foar it proses tsjin Michael Jackson útstjoerd en gyng oer de ‘deep intense relationships’ dy’t operakomponist Britten mei jonges hie, by foarkar jonges fan in jier of trettjin. Dat Benjamin Britten homoseksueel wie, yn in tiid dat soks yn Grut Brittanje noch in misdriuw wie, wie fansels off the record wol bekend. Syn relaasje mei de sjonger Peter Pears wie in publyk geheim.
Britten’s children, de tv-dokumintêre en it boek, waarden beide makke troch John Bridcut. Yn de dokumintêre wiene unike filmopnames te sjen fan Benjamin Britten en de boys. (Wat wenne dy man yn in prachtich modern hûs trouwens!). De jonges kamen meastentiids út itselde muzikale fermidden dêr’t Britten yn funksjonearre: koarjonges mei prachtige stimmen dy’t gauris in rol krigen yn útfierings fan Brittens wurk. John Bridcut hie al dy jonges, foar safier’t se noch libben, ek wer opspoard. Dizze folwoeksenen, no dikke santigers, seagen yn de film werom op de episoade mei Britten. Se fertelden optein oer de geweldige útfanhûspartijen by Britten en Pears. Guonnent fan de jonges mochten by Britten yn bêd sliepe. Gjinien hie der sa te sjen wat oan oerhâlden: omstannich waard fan alle jonges ferteld dat se letter troud wiene en bern krigen hiene. De measten hiene ek al pakesizzers. Der wie mar ien dissonant: Harry Morris, in jonge út in problematyske húshâlding, wie de iennichste dy’t Britten fan seksueel misbrûk beskuldige. Mar Harry syn mem leaude dat ferhaal net…

Is it belangryk om soks te witten? Yn it gefal fan Benjamin Britten soe ik sizze: ja. In grut part fan syn wurk giet ommers oer de faak ambivalinte ferhâlding fan mannen mei jonges. Sjoch allinne mar nei de grutte opera’s Peter Grimes en The turn of the Screw. De skoaljuf of gouvernante is dêryn de typysk Ingelske, a-seksuele, tuskenpersoan dy’t it allegear wol begrypt, mar de jonges net foar it driigjende ûnheil beskermje kin. Want sûnder kompleksen en skuld binne de troch Britten beskreaune ferhâldings net.
Dy jongeskoar- en kostskoallekultuer fan de Ingelsen is sa’t liket noch altiten in kweekfiver foar pedofile en homoseksuele ferhâldings. (Dat kin ek sein wurde fan de paadfinerij en de roomsk-katolike tsjerke, mar dy hawwe fansels folle minder alluere.)
Frappant is wol dat Britten noait swierrichheden krigen hat mei syn jongesleafde. De dokumintêre fan Bridcut wie op televyzje te sjen yn 2004. Doe wie Britten al hast tritich jier wei. In jier letter waard Michael Jackson frijsprutsen fan misbrûk fan minderjierrige jonges nei in ferneamd proses. Nettsjinsteande dy frijspraak bleau wol in bepaald aureool oan him hingjen.
En wer in jier letter waard Robert King, de wrâldferneamde Ingelske dirigent en oprjochter fan King’s Consort, feroardiele ta hast fjouwer jier finzenskip fanwege syn misbrûk fan
(koar-)jonges. In moreel oardiel hjiroer past ús fansels net. Mar ik kin my net oan de yndruk ûntlûke dat Benjamin Britten hjoeddedei ek grutte problemen krige hie. Syn belangrykste wurk wie dan miskien net iens tastân kommen. The times they are a-changin.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *