
Foaropwurd 115
fan freed 9 maaie 2008
In nije Farsk.
‘Wat een Fries beweegt’ hyt it ferhaal dat Hidde Boersma bydraacht. Yn in mailwiksel mei de redaksje dielde er mei: ‘De gearhing fan it ferhaal sit ’m yn ’e doelleaze kolleksje fan barrens op in ûnbelangrike dei, sokken meie der ek weze, hie ’k tocht!’
Op dizze Farsk debutearret Aafke Koster koart mar krêftich mei it gedicht ‘Skynsel’.
Andries Miedema giet troch mei it oersetten fan poëzy fan Rainer Maria Rilke: ‘Inkeld nei is ‘t ynderlik en fier al ’t oare.’
It is prachtich waar, de sinne skynt. Hoe kin it oars, Skermer typt gau de wurden ‘sinneskerm’ en ‘sinneskermen’ yn.
Jelma Knol har kollum hyt ‘Boys’. Se beljochtet oan ’e hân fan in BBC-dokumintêre oer de Ingelske komponist Benjamin Britten de ûntjouwing yn ’e hâlding foar pedofily oer: ‘Frappant is wol dat britten noait swierrichheden krigen hat mei syn jongesleafde.’
Jouke Hylkema is net fan juster. Hy skriuwt yn syn bydrage: ‘Muoike rûn sa as altyd al in ein fierderop, altyd like hastich. Hja seach om har hinne, wêr wienen ferdomme de beide jonges no bleaun?’