Skermer

De hannen (en earms) fan Kokoschka

logo.ensafh

Ynienen tink ik der oan. Jierren lyn seach ik op in útstalling fan wurk fan Oskar Kokoschka yn de Kunsthalle yn Emden ek in tal fan syn portretten en selsportretten. It foel my doe op hoe prominint it plak wie dat de hannen en earms ynnamen, krúslings en grut foar it boarst lâns of op in oare wize.

Ik besef wer dat hannen – myn eigen net iens – net myn spesjale belangstelling ha. Ik brûk myn hannen en sjoch der fierders net nei om, no ja ik waskje se en knip de neilen. Ik soe myn hân net beskriuwe kinne, ek net dy fan myn frou, wol dat se faak as se praat de hannen derby brûkt. Ik kin fierders allinne wat sizze oer de hannen fan ús heit, dy hie wurkhannen mei op in protte plakken yl.

Ik bin my eins nea fan myn hannen, soms wol fan myn fingers bewust, dy belibje ik wolris en dat altyd op in tige pynlike wize, pynliker as al de kearen dat ik mysels op ’e tomme slein ha. As immen of iksels de hân om ’e styl fan in doar slein ha, fiel ik altyd ynienen de pine al yn ’e fingers as de oar of ik se tusken de doar krije soe.

Op myn santjinde bin ik fallen foar Kokoschka syn ekspressive, ferheftige, tormintearre, swiere skilderkeunst. Net dat ik dêrnei allerhande detaileleminten fan syn skilderijen yngeand bestudearre ha. Nei it sjen fan de útstalling yn Emden ha ik bygelyks pas mei in skerper each nei de hannen en earms op Kokoschka syn skilderijen sjoen. By Kokoschka ha de hannen en earms gauris in útdruklike funksje, se drukke eins altyd wat oars út as it gesicht of nuansearje of folje oan wat it gesicht útdrukt.

Hannen foarmje in bline flek by my. Hoe bestiet it oars dat ik doe’t ik santjin wie of alteast yn de earste jierren dêrnei al net yn it bysûnder de hannen op Kokoschka syn skilderijen achtslein ha. Want withoefolle fan syn portretten en selsportretten binne der gewoan op út om it each fan de taskôger mei de hannen te fangen.

Ik krij it boek oer it wurk fan Oskar Kokoschka út de kast dat yn 2001 troch de Kunsthalle yn Emden útjûn is by gelegenheid fan de útstalling dêr fan wurk út de samling fan de troch syn widdo oprjochte ‘Stiftung Oskar Kokoschka’ dy’t ûnderbrocht is yn Museé Jenisch yn it Switserske Vevey. Vevey leit oan ’e noardkant fan de mar fan Genève net fier fan Montreux ôf en net fier – en dat is wichtiger – fan it plakje Villeneuve, dat súdlik fan Montreux leit en dêr’t Kokoschka fan 1953 ôf oant syn dea yn 1980 ta wenne hat.

Myn eagen bliuwe wer hingjen by it portret fan syn frou Olda, dy’t har frêle earms en hannen mei de lange fingers as aksintuearring krúslings foar har lichem lâns hâldt, as beskerming is myn ynterpretaasje, en fierders by twa selsportretten. Op it iene hâlde de hannen in diagonaal yn ’e foarstelling pleatste en oer Kokoschka syn skouder lizzende ûnbestimde stok fêst. De iene hân hâldt er, mei de knokkels nei de beskôger ta, om ’e stok klamme, de oare hâldt er der, mei de palm nei de beskôger ta, losser om hinne. De iene hân toant krêft, de oare ûntspanning. Op it oare selsportret binne op in stikje bleate boppe-earm nei allinne de hannen yn byld en dan net prominint, mar weistoppe yn ’e rjochter ûnderhoeke, de hannen lykje wol oaninoar bûn en Kokoschka hâldt se ticht tsjin it liif oan, de fingers binne woarstjes. It binne machteleaze hannen, se toane eangst.

Yn it boek stiet in haadstik dat ‘Forels Hände’ hyt en begjint mei in analyze fan it portret dat Kokoschka yn 1910 makke hat fan Auguste Forel en dêr’t de oandacht fan de taskôger yn laat wurdt nei de prononsearre hannen yn de linker ûnderhoeke fan it skilderij: ‘As losmakke út de totaalkomposysje fan de foarstelling wurket Kokoschka de hannen fan Forel út mei sterke kontrasten tusken donkere omtreklinen en fine wite ferhegingen. Dêrby jout er oan alle bonkjes en pezen tige omtinken. De gewrichten wurde fergrutte werjûn, de oerdreaun lange fingerlidden bûge abrupt om en de ûnder de trochskinende hûd sichtbere pezen en ieren steane strak spand. Wylst de rjochterhân fan it polsgewricht ôf skerp nei ûnderen bûcht en as yn in kramp yn de mouwe fan ’e rjochterearm grypt, is de linker hân mei de rêch nei de taskôger ta en him iepenjend yn in beweging om te oertsjûgjen nei boppen rjochte (…) Harren krampachtige hâlding is tsjinoersteld oan de yn himsels kearde, passive útdrukking fan it gesicht. Harren dramatyske spanning stelt tsjinoer de gesichtsútdrukking in sterk inerlik gefoel en jout oan de foarstelling in grutte krêft.’

Ik bin wer yn besit nommen troch de hannen en earms fan Kokoschka. Wêrom krekt no? It is de net te fetsjen gong fan jins gedachten dy’t troch jins lichem, troch jins sinnen bepaald wurdt. Fielde ik myn eigen hannen?

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *