
It komt fan de maitiid.
De nije ôflevering fan ensafh is der wer. En der binne noch Fryske skriuwers genôch om sawol libbene en nijsgjirrige ôfleveringen foar ensafhynternet en ensafh op papier te meitsjen. It is sels sa dat der troch dy twa ensafhmedia folle mear publikaasjeromte foar de skriuwers is as in pear jier lyn.
Sa net, soms slacht de panyk dochs even ta, dan tink je, ha wy noch Fryske skriuwers en dichters fan tusken de 20 en 30. Op ’t stuit oppenearje har mar ien twa. Miskien binne der mear mar ensafh merkt dêr de lêste tiid net folle fan. In ympuls fan in generaasje jonge skriuwers is it wol wer oan ta.
Ensafh soe hiel graach in nije generaasje ferwolkomje. Dat hoege gjin tsientallen skriuwers te wêzen, dat is in yllúsje, mar as in stik as fiif seis har melde, dat soe wat wêze. It is maitiid, it is no de tiid derfoar.
Sa net, bliid binne wy mei elke nije skriuwer, hoe âld ek.
Sa net, bliid binne wy mei de jonge en âlde skriuwers dy’t wy no hawwe.
Yn dizze ôflevering nije poëzy (in syklus) fan Arjan Hut!
En ek in gedicht fan Edwin de Groot!
Yn dizze ôflevering oersettingen fan poëzy fan Octavio Paz troch de nije oersetter Hindrik Wiebe Rinzema!
Yn dizze ôflevering in stripferhaal fan ek in nije namme, Q-Di-Queste, oerset troch Henk Bok!
En fansels, Skermer en Willem Winters binne presint!
Sa net, it is sa’t it is, de Fryske literatuer kin in snuorje fan maitiid wol brûke!
Sa net, en no komt wat wichtichs en hiel plezierichs. De ensafhredaksje is fersterke mei in jonge skriuwer – dichter en studint Frysk Geart Tigchelaar! De earste ympuls is der dus al! Geart, wolkom!