Skermer

Blomskermen

logo.ensafh

It is it jier fan ’e blomskermen. Net de blomskermen dêr’t de natuer mei rêdt. Der binne safolle skermblommigen yn ’e wrâld dat se nea apart omtinken krije sille. Op de reade list fan bedrige planten sille oars grif skermblommigen stean. Is it jier fan ien spesjale skermblom mooglik, sa as it jier fan ien spesjale fûgel, de bedrige skries? Ja, safier soe it komme kinne as in pear jier achterinoar ús bermen maaitiidsdeis net mear sierd wêze soene mei de wite blomskermen fan it piipkrûd. It jier fan it piipkrûd. Ik soe dêr oars no ek wol foar wêze, mar dan as jier fan it gewoane, dêr’t it piipkrûd symboal foar stiet.
Nee, it giet om oare blomskermen, om dy fan ’e Fryske lettertún. It is it jier fan ’e blomlêzingen. Op 23-5-2008 ferskynt Het goud op de weg gearstald troch Abe de Vries. De Vries folget dêrmei oare blomlêzingen sa as de Spiegel van de Friese Poëzie út 1994 (Nederlânske oersettingen mei dêrby de Fryske orizjinelen) (gearstalling Pier Boorsma en Teak Oppewal) , dy’t ek foar de Nederlânske (en Fryske) merk ornearre wie. En fan dy Spiegel komt fan ’t hjerst in op ’en nij besjoene en útwreide nije printing út (de redaksje is fersterke mei Geertrui Visser). Mei de lyksa twatalige Droom in blauwe regenjas (gearstalling Tsead Bruinja en Hein Jaap Hilarides) út 2004 en De 100 mooiste Friese gedichten (gearstalling Jestke Bilker en Babs Gezelle Meerburg) út 2006 derby kin dan praat wurde fan klearebare rykdom. It oerflakkige ferskil tusken de trije blomlêzingen is dat Abe de Vries begjint by 1880, de Spiegel by it Ald-Frysk, Tsead en Hein Jaap de poëzy fan nei 1990 blomlêzen hawwe (en dan dy fan ’e ‘jongeren’) en Jetske en Babs har beheind ha ta in kar út de poëzy út (hast útslutend de twadde helte fan) de tweintichste ieu.
Mar wêrom blomlêzingen blomskermen neame? Gelikense blommen op stâltsjes dy’t straalsgewize út ien punt komme en sa in skerm foarmje, dan hat men in blomskerm. In blomlêzing, is it bouwurk fan in blomlêzer, it resultaat fan syn fyzje, syn útgongspunten. De blomlêzer is it punt dêr’t de blomkes op stâltsjes út komme, de kearn dêr’t de gedichten en har dichters út wei har plak tawiisd krije. De blomlêzer set se nei syn hân, modulearret se en makket se ta ien, ta syn blomskerm, dêr’t de yndividualiteit, it eigene fan de gedichten en de dichters yn ferdwynt.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *