Elmar Kuiper

Realm of chaos

logo.ensafh

Karl
de moshpit is in gierensirkel
wat wolst no
as skiere muontsenskaad
oer de harsens
en desibel útbonket

hollebatsers binne ek mar
minsken
ek al balte se as kij
en kuierje se net
op in ferlerne sneintemiddei
ha se winliken
de jui yn

it binne domdryste
bollen en naive keallen Karl
dy’t nuver snuve en skite

lit mar sitte
do hast dyn mikrofoan
dyn swit rûkt nei farske
kuil in oerlûd sil út dy
moartsje.

Foar Karl Willets, sjonger fan de Ingelske deathmetal band Bolt Thrower. Harren cultalbum ‘Realm of Chaos’ kaam yn 1989 út.
 


 

Abe de Vries, Wy, te leedomsizzen
Edwin de Groot, It wytget see
Meindert Bylsma, Pake
Tsjisse Hettema, De Slachte meandert….