POËZIJ YN AKSJE

logo.ensafh
Slachtemarathon

De Slachtemarathon 2008 wie foar in tal Fryske dichters oanlieding om by Getswerdersyl protestfersen hearre te litten tsjin de oantaasting fan it lânskip yn Noardwest-Fryslân, mear yn it bysûnder noardeastlik fan Harns.

Hjir spylje yn in relatyf lytse krite in tal earnstige bedrigings, ûnder mear de bou fan in ôfjit-oven, in mooglik binnendykse nije havenútwreiding, grutskalige kassebou en boaiemdaling troch gas- en sâltwinning.

De dichters woenen mei harren aksje it rinnend publyk, dat op de Slachtedei sa genietet fan it lânskip, bewust meitsje fan dizze alarmearjende sitewaasje. U.o. Elmar Kuiper, Abe de Vries, Tsjisse Hettema, Meindert Bylsma en Edwin de Groot hawwe gedichten foarlêze. Tsjisse Hettema hat fideo-opnames makke foar Tresoar.
 
 

Slachtemarathon

Online byld-opnames:
Sfearopnames fan it lânskip dêr’t it om giet
Yva Hokwerda lêst foar
Edwin de Groot lêst Slachtefers 1
Opname fan Meindert Bylsma
Abe de Vries lêst foar
Opname fan Tsjisse Hettema
Yva Hokwerda lêst fers Elmar Kuiper
De Groot lêst Slachtefers 2
 
 

Slachtemarathon

Slachte-Poëzij op farsk.nl:
Abe de Vries, Wy, te leedomsizzen
Edwin de Groot, It wytget see
Meindert Bylsma, Pake
Tsjisse Hettema, De Slachte meandert….
Elmar Kuiper, Realm of Chaos