Piter Boersma

Foaropwurd 118

logo.ensafh

Foaropwurd 118

fan freed 20 juny 2008

Dit is de lêste gewoane Farsk foar de fakânsje. Yn ’e earste helte fan july sil noch Farsk 119 útkomme, tagelyk mei it tredde nûmer fan Hjir en beide wijd oan it tema ‘ierappel’. Dêrnei giet Farsk mei fakânsje oant 3 septimber as ôflevering 120 ferskynt. De rubriken Teleks en Aginda sille wol byhâlden wurde.

Dizze ôflevering stiet yn it teken fan ’e aktualiteit. Yn de ôfdieling poëzy stean portestfersen fan Meindert Bylsma, Edwin de Groot, Tsjisse Hettema, Elmar Kuiper en Abe de Vries oangeande de oantaasting fan it lânskip yn Noardwest-Fryslân troch de ûntjouwingen op it mêd fan ’e wetterhúshâlding en de lân- en glêsbou dêr. Se binne foarlêzen by Getswerdersyl op ’e dei fan ’e Slachtemaraton.
Skermer hat syn betinkingen oangeande it Frysk festival en Jouke Hylkema hat yn Ljouwert om him hinne sjoen.

Ytsje Hoekstra is der ek mei in kollum. Se hat it op in merakelse wize oare ‘skoandere memmen’ ûnder tiidsdruk.

Mar dizze Farsk biedt mear. Rieuwert Krol besprekt de ferhalebondel Reistiid fan Albertina Soepboer en konstatearret dat se ‘proëzy’ skriuwt. Anne van der Plaats debutearret op Farsk mei it ferhaal ‘Kat’.

Goei fakânsje alfêst!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *