
Hy siet efter it buro, lies wat stikken troch en nipte foldien oan ‘e kofje. Noch in pear wike en dan wie er frij man.
Hy seach ris by it liif del: lokkich koe er noch tusken de fuotten troch de flier sjen, hy wie noch like slank as by syn oanstelling, nea de kantsjes der ôfrûn.
Sa mimere er wat troch doe’t de boade himsels oankundige mei de ynkommende poststikken ûnder ’e earmtakke, de lêste nijtsjes fan it ôfrûne wykein, wat nije agendapunten, mar boppe al in kanne mei farske kofje. De man kaam wat ûnhandich oer, hy hie wat in reade kleur.
De kommissaris frege him:
‘Wat binne jo draaikûnterich fan ’e moarn Santema? Wat ferkeards iten juster?’
‘Och heare nee kommissaris wie it mar sa, dan hie ik mei in gerêst hert de hiele dei op
it húske sitte kinnen… ik doar it jo hast net te sizzen…der is wêr ris wat bard yn ’e stêd fan ’t wykein… jo sille it net al te moai fine.’
‘Sis op man ’
‘Fan ’t wykein… in aksje fan ‘It Pittoresk Befrijingsfront’…de noardkant fan ’e Aldehou sit der ûnder ’
‘Under wat, Santema?’
De kommissaris state it bakje kofje sawat om.
‘Under de muorreferve Der is in libbensgrutte replika fan in skilderij fan Anton Pieck op oanbrocht ’
‘Hokker skilderij ’
‘In stillibben sa’t ik al sei; ‘Potsje mei aaien en núten’ út 1978, ik haw it yn in katalogus
opsocht’. ’
‘Fergemy, soks oerkomt my krekt wer yn ’e lêste dagen fan myn amtstermyn,
dit is al it tredde gefal dat der in skilderij fan Pieck op in Ljouwerter monumint
oanbrocht wurdt. Wat binne de easken fan dat..eh befrijingsfront?’
De boade jûke him efter de earen:
‘Dat is my noch net hielendal dúdlik kommissaris; harren doel is leau ’k om it wurk fan
Pieck op ’e nij ûnder de oandacht fan ‘e minsken te bringen, in wurdfierder sei dat
Pieck ien fan de grutste miskende realisten yn ús lân wie fan nei de oarloch.. O ja, hy
frege ek noch reiskostefergoeding.
‘Toe mar, en is it tillefoantsje ek lokalisearre?’
‘Jawis, it kaam fan in iepenbiere telefoan út it plak Overveen, gemeente Bloemendaal. Pieck hat dêr sa’t skynt fjirtich jier tekenles jûn oan it Kennemer Lyseum.’
De kommissaris tocht sa fûl nei dat Santema syn harsens kreakjen hearde.
‘Skeakelje fuortendaliks in lanlik arrestaasjeteam yn, of wacht, nee dat moat ik sels dwaan…noch foar’t Ljouwert yn in soarte Efteling feroaret ’
Doe’t de Kommissaris wat ta rêst kommen wie, naam er it oerbleaune boaiemke kofje ta him en tocht ûnderwilens oan syn bernetiid werom, der hong thús yndertiid in print fan Pieck op syn sliepkeammerke, in âld kastiel mei romme rûne tuorren, mei boargers dy’t reedriden by in ophelbrêge, mei op ’e eftergrûn in readige loft fol froast. Pieck hold fan winterske lânskippen. Je seagen der nij mei in waarm gefoel yn it bernehert.
Sa ferstriek de moandei mei skiljen en kofje, mar de dieders waarden net fûn.
De oare deis kaam Santema wer troch de doar. Hy hie alwer sa’n ynreade kleur op it antlit as juster.
‘Santema Jo hawwe alwer in heechreade kleur, is der wat dat jo my ferswije?’
‘Kommissaris it is ferskriklik… it Saailân…ien grutte aaipankoek ’