
Albertina Soepboer is in ynteressante dichteres. Se doart wat, eskperimintearret, is wis mar sykjende en hat in styl en in behearsking fan ’e technyk dy’tst net sa faak tsjinkomst. Remco Ekkers ferlike Soepboer yn ’e Poëziekrant mei Yeats en Roland-Holst mar neamde har frijmoediger as har ferneamde foargongers. It is apart en eins tryst, mar Ekkers is ien fan ’e pear skôgers dy’t wier nijsgjirrige dingen oer Soepboer har poëzy sein hat.
It oeuvre fan Soepboer is (wilens) tige omfangryk en follesidich. Neist acht dichtbondels skreau se proaza, toaniel en sette se in berneboek oer út it Baskysk; behalve Nederlânske oersettingen fan har Fryske gedichten hat se ek twa oarspronklik Nederlânsktalige bondels útjûn. Dêrnjonken skreau se koartlyn hast alle dagen in bydrage op har webloch en makke se de teksten foar it teaterprogramma De Maisfrou fan Nynke Laverman. En no is fan har ferskynt de ferhalebondel Reistiid.
De byldtaal fan myten en mearkes hat in grutte oanlûkingskrêft op Soepboer. Sintúchlike gewaarwurdingen binne ferhaspele; dowen wenje yn hierwoartels, kleuren binne te rûken en roken te fielen. Mar it wichtichste oan har poëzy en no dus ek har proaza is de ûnmeilydsume stim dy’t út al har wurk sprekt. Unmeilydsum is se yn it sykjen en ferwurdzjen fan wat it libben is. In gauris weromkommend byld yn har wurk is bloed. It is miskien sels in grouwelik byld. Bloed is by Soepboer altyd ferbûn mei leafde. De leafde, erotyk, it langstme en fertriet, dêr giet it dan ek oer. Alle gedichten en ferhalen tsjûgje fan in selde hâlding: kom hjir, dan yt ik dy op. Of: kom hjir, mar bliuw by my wei, ik wol skriuwe kinne. It tema fan Soepboer is de leafde dy’t in minske út it lykwicht brocht hat. De leafde is in wreed spul. Der is gjin ferieniging, gjin fersoening en gjin ivichduorjende freonskip. De leafde is in striid mei in oar dy’t him benammen yn it liif fan ’e dichter ôfspilet. De leafde stelt altyd teloar. En jout altyd wer de hope dat it langstme op in kear ferfolle wurde sil.
Yn Reistiid stean ferhalen mei in wermkearend motyf fan in mes en in wûne. Reistiid, dat is de wize dêr’t de de tiid op ferrint ast reizgest. De belibbing fan de tiid is ast op reis bist minder lineêr. In reden wêrom’t in protte minsken muoite hawwe om nei de fakânsje wer yn in saneamd ritme te kommen. De tiid op reis is de tiid fan ’e poëzy, tink ik, as ik Soepboer goed begryp. En hoechst eins net op reis om de tiid sa te belibjen, want yn en troch de poëzy reizgest troch de tiid en tsjin ’e tiid yn. Ferhalen mei gauris in frou as ferteller en haadpersoan beskriuwe in mysterieuze en meastentiids mearke-achtige , mar hurde wrâld. It moaiste ferhaal is in (wer)-beskriuwing fan ’e Magnus-sêge. Dy sêge dy’t yn ûnderskate ferzjes oerlevere is, brûkte Soepboer om út it perspektyf fan in pysteres wei krityk te jaan op ’e statyske wrâld fan it kristendom.
Ik hie al in skoft útsjoen nei ferhalen of in roman fan Soepboer. Ik hie wolris deiboeken op Farsk en yn ’e Ljouwerter Krante lêzen, mar nea langere fiksje. Nei lêzing fan de bondel murk ik dat ik folslein wat oars fan Soepboer ferwachte hie. Minder ûntrochkringber en mear psychologysk. Wêrom’t ik dat tocht sil mei komme troch de lêzing fan dy deiboeken, want no achterôf binne de ferhalen eins in logysk ferfolch op en in fuortsetting fan de (hieltyd hermetyskere) gedichten dy’t Soepboer de lêste tsien publisearre hat.
De wrâld fan Soepboer is dy fan ’e poëzy sa’t dy yn myten , mearkes en sêgen libbet. Yn dy funksje fan poëzy leit de poëtika fan Soepboer besletten. Hoe ferwurkest sa’n poëtika yn in ferheljende tekst? Of: hoe sjocht sa’n tekst der dan út? It docht bliken dat de plot nuvergenôch it earste elemint fan de ‘gewoane’ ferheljende tekst is dat sneuvelet. De plot bestiet gewoanwei út in gefoel fan in ôfsletten ferhaal. Dat dat elemint sneuvelet is net hiel bysûnder of problematysk. Soepboer hat nei myn idee lykwols in oar probleem by it skriuwen fan proaza, in probleem dat by it skriuwen fan poëzy net sa gau tsjin har wurkje sil en miskien sels in diel fan de krêft fan dy poëzy bepaalt.
It probleem fan de mytyske wrâld fan ’e poëzy en dus fan Soepboer is it tekoart oan of de wjersin tsjin hûs-, tún- en-keukenpyschology. Yn in ferhaal wolst dy ferpleatse kinne yn wêrom’t immen wat docht of lit. As de wrâld in mystearje bliuwt is it dreech om jin te ferpleatsen yn de prysteres fan ’e poëzy. Wêrom’t dat sa is soe in grut ûndersyk nei de (ferûnderstelde) ûngelikense retoarika’s fan poëzy en proaza fergje.
In tipke fan ’e wale. Wat is it kenmerk fan in myte? De wrâld is frjemd en ûnferklearber, mar de myte hat dêr in ferklearring foar dy’t elke oare opfetting ûnjildich makket. De myte ferklearret en jout betsjutting, mar slút ek betsjutting út. Is dy foarstelling fan ’e wrâld wol te ferienigjen mei de wrâld fan it proaza? Faaks net sûnder in hybride sjenre te wurden. In ferhaal of in roman foarmje in ûndersyk dêr’t gjin plak yn is foar fêststeande ideeën oer de aard en it ûntstean fan ’e wrâld.
De ferhalen yn Reistiid binne gjin minne ferhalen, stik foar stik binne se mei in protte soarch komponearre en skreaun. Mar binne it ferhalen? En makket it wat út oft it ferhalen binne? In beskôging fan in bondel ferhalen moat dochs ek gean oer hoe’t it sjenre brûkt is. It binne gjin ferhalen, mar proëzy, sa’t Schierbeek ris skreaun hat. En moatst se as leafhawwer fan poëzy foaral sels lêze.
Albertina Soepboer
Reistiid
Bornmeer -2008