
It programmaboekje fan it Frysk festival 2008 is op in heale side Frysk (en in heale side Ingelsk) nei folslein yn it Nederlânsk steld, sels it berjocht oan ’e befolking: Bericht aan de bevolking.
Doe’t ik yndertiid hearde dat it tema fan it festival ‘de gemeenschap’ wurde soe waard ik al daliks wurch, want hoe soe dat oait in fris ferhaal opleverje kinne? It ‘Bericht aan de bevolking’ stelt my mei syn ellindich folderpraat hielendal yn it gelyk: ‘Het festival heeft als thema ‘de gemeenschap’, Over hoe we kunnen samenleven, hoe we onze waarden en gewoantes moeten koesteren, over hoe je als individu in een groep staat en hoe je te verhouden tegenover alles wat buiten de gemeenschap staat.’
It is om te janken. It is tryst.
Mar noch tryster stimt it programma sels. Foar in ynwenner fan Fryslân mei kulturele belangstelling is dat foar in grut part de dea yn ’e pot.
Tryater Albert Bonnema Hoite Pruiksma Sytse Pruiksma Tsjêbbe Hettinga Tsead Bruinja, Albertina Soepboer Nynke Laverman Tryater Albert Bonnema Hoite Pruiksma Sytrse Pruiksma Tsjêbbe Hettinga Tsead Bruinja, Albertina Soepboer Nynke Laverman Tryater, Albert Bonnema Hoite Pruiksma Sytse Pruiksma Tsjêbbe Hettinga Tsead Bruinja, Albertina Soepboer Nynke Laverman Tryater, Albert Bonnema Hoite Pruiksma Sytrse Pruiksma Tsjêbbe Hettinga Tsead Bruinja, Albertina Soepboer Nynke Laverman
In pear fan har, mar allegearre?
Tryater al wer mei wat op of by it wetter en ‘gedurende tien dagen halen we de wereld naar Friesland, en brengen Friesland naar de wereld’. Wy ha it allegear al meimakke en heard op eardere Frysk festivals. En dan moat Tsjêbbe, sa as safolle oaren foar him, ek nochris by tsjerkjes lâns.
Dat is allegear sa maklik, sa gemaksuchtich, der is neat orizjineels en fernijends oan, it is net útdaagjend, it mist kreativiteit, it is in ynfoloefening.
Nee, op gjin inkelde manier jout dit Frysk festival in ympuls oan de Fryske keunst- en kultuerwrâld.
De programmearring fan it festival falt dan miskien ek allinnich te begripen yn it kader fan kultuertoerisme. It is in toeristysk highlightprogramma, mear eins net.
It Frysk festival 2008, ik ha der neat mei. Wa yn ’e goedichheid wol?