
It folgjende ferhaal is ta ús kommen út in parallelle wrâld wei, ien fan de ûntelbere universa dy’t neist de ús bewende werklikheid besteane. Alles is dêr krekt in bytsje oars. Wat yn ús eagen faaks anagronismen lykje, is dêr hiel gewoan. En dat de nammen fan guon haadpersoanen in soad lykje op dy fan bekende Friezen, is dat dan tafal? Wy binne dêr net alhiel wis fan, der wurdt wittenskiplik ûndersyk nei dien…
Haadstik 1
De sel wie sober, mar modern ynrjochte, mei in tafel, stoel, bêd, toilet, en oan de muorre in tv-tastel. Mei in soad leven waard it lûk yn de doar iepentreaun. In rûne kop mei pet en snor sei mei in heas lûd en Ljouwerter aksint: “Asjeblieft! Lekker ete, meneer!” De sipier skode in blêd mei dêrop in tinne, wite plestiken pûde nei binnen. Bamy!
It wie in moai skoft lyn dat Kees Walstra syn favorite miel preaun hie; hy hie der spesjaal om frege. Fan Kota Atjar, hie er der by sein, bamy rames ekstra.
Mei in yslik metalen piipjen gie it lûk wer ticht.
Kees, in dûbeld mantsje mei kealskearde plasse en stekkende eachjes, knoffele nei de doar ta en sette de pûde op tafel. Hy hie noch behoarlik lêst fan de knibbel. Hastich skuorde er it plestik iepen. Alles wat derby hearde, siet derby: beantsjes, stikjes kowefleis yn saus, in hinnepoat, kokos. As in úthongere, meagere hûn die er in raam op de krûdich rûkende ynhâld fan de wite bakjes. Nea earder hie in waarm miel him sa treflik smakke. En dat trof oars net sa min, want it wie ek syn lêste miel…
Dêr pipe it lûk alwer iepen. In nije oppasser, of faaks wie it ien heger yn rang, mei in brún, ferware antlit, rôp in bytsje al te joviaal: ‘Wil Walstra wel een blikje bier hebben?’ De fraach stelle… Der waarden twa heale liters, goudkleurige blikjes fan de Aldi, foar Kees delsetten. Grif net neffens de offisjele regels allegearre, mar it bier smakke him as in goadedrank.
Gjin spyt fan wat er yn syn libben dien hie, gjin sprake fan, mar Kees fûn it al wat skande dat er net mear skreaun hie. Hy lei sêd fan de bamy, dy’t him út en troch wat opbruts, efteroer op syn hurde finzenisbêd en naam in slok fan syn twadde, lêste blikje bier. Syn iene dichtbondel, no ferbean, wie, doe’t it nijs fan syn arrestaasje bekend makke waard, yn trije dagen útferkocht, mar hy soe der sels gjin sint wizer fan wurde.
Guon Friezen beskôgen him no as in mytyske held, en hy soe aanst in martler wurde. Dat fielde er sels eins net sa, mar hy koe ek net om de steapels brieven hinne, dy’t alle dagen wer nei binnen skood waarden. Syn mail mocht er spitigernôch net tsjekke, mar Kees wist fan syn útjouwer dat der op ynternet fûle diskusjes oer ‘de saak Walstra’ plakfûnen. Foar- en tsjinstanners sloegen inoar sawat de firtuele harsens yn.
Eangst foar de dea hie er ek al net, sa makke er himsels wiis. Hy wie derfan oertsjûge dat it bewustwêzen fan de minsk fuortlibbet nei de dea en net oan it lichem bûn is. It stjerren sels, dat wie oare koeke, mar hy soe feitlik allinnich mar in lyts pripke fan it ynfús fiele, yn sliep en ferlamme reitsje, en dêrnei troch de boal ûnthalze wurde. Modern en barbaarsk tagelyk. Sa wie it him alteast foarspegele troch de finzenisdûmny, in gewante keardel mei grut burd en tatoeaazjes fan Jezus op syn mânske foarearms.
Op it matras wie in grutte ynjeksjespuit tekene, mei dêrby de tekst: “Fuck you!” Op de muorren en de doar stiene ek wakker ynspirearjende teksten, lykas: “Ik maak je dood jonge” en “Heroïne”. Kees seach gjin Frysktalige ynskripsjes. Dat wie der fansels fier by troch. Hy soe krekt mei syn alhiel bepluze potleadsje “Leaver dea as slaef” yn de doar skrasse, doe’t op `e gong it lûd fan in bataljon hurde learzens klonk en dêrnei it lûd fan skowende skoattels. Ien raasde ûnfersteanbere kommando´s. It soe heve.
In walchlike stank luts troch de sel: syn terms en blaas wiene, sûnder warskôging foarôf, folslein leechrûn.
Haadstik 2
(Sa’n oardel jier earder.)
Piter Boanstra, 56 jier âld, eartiids wittenskiplik meiwurker Frysk oan de universiteit fan Froonakker, mar no al wer in moai skoft op wachtjild, hyske himsels op syn âld fyts. It earme ding kreake en krimmenearre alderheislik ûnder it gewicht. Piter wie dy jûns útnoege troch de studinteferiening Liafbern yn syn wenplak Grins om in stikmannich gedichten foar te dragen. De measten fan dy fersen wiene al mear as tweintich jier âld, mar dat wist dat jongfolk net.
Efkes hie er benaud west dat er sûnder gebyt yn `e bek optrede moast, mar nei trije dagen sykjen fûn er de proteze yn syn waskkoer, djip bedobbe ûnder smoarge lekkens, sokken en ûnderbroeken. Piter hie wol nocht oan in jûn sûpen mei de oare literatoaren en de studinten. Faaks wie der in kreas jong frommeske dat…
Stadich fytste er troch de lange, drokke winkelstrjitte. Syn tinne hier waaide him om `e hege foarholle hinne. Wat seagen dy jongfammen fan tsjintwurdich der ferhipte geil út, tocht er, mei dy bleate rêgen en nâlen. Soks wie net befoarderlik foar de ferkearsfeiligens en it soe eins ferbean wurde moatte, of… It wie heal maaie, himmel waar. Ferdomd as it net wier wie: hy fielde him lokkich.
De Frysktalige muzyk fan de tige populêre groep “Frysk Burd” streamde him temjitte doe’t er de doar fan de sosiëteit iepen die. Der wie noch net safolle flecht op `e koai, mar aldergeloks ûntduts er Kees Walstra en Fedde Annema, de yn tige lytse rûnte wrâldferneamde Fryske dichters, hingjend oan de taap.
De mannen hiene sa te sjen al in moai skoft op stap west. Piter waard frijwat bluisterich begroete en ien treau him ek daliks in potsje bier yn ‘e hannen. Dat smakke Piter net ferkeard, mar fansels hearde der ek in jeneverke neist. Dat waard daliks troch Kees regele. Fedde, milimetere hier en boksersnoas, hie it heechste wurd mei ûnder oaren syn imitaasjes fan romrofte diktators en leden fan it Hollânske keningshûs. Piter fermakke him der lykas alle kearen wer tige mei.
Kees lake ek smaaklik, mar it wie net sa’n prater. Hy hie him de holle ek wer kealskeard. De twa dichters wiene dy middeis op strjitte dan ek geregeld oansjoen en útskolden foar Pim-nazi’s, fertelden se.
(…….)
Cornelis van der Wal
Kening Kees
Bornmeer 2008
ISBN 978-90-5615-187-4
€ 12,50
Ferskynt ein Augustus 2008