Jouke Hylkema

Fraachpetear mei ierpeliters

logo.ensafh

Hjoed sit ik oan it waarmmiel by de famylje Borger. Hja wenje in lytse arbeiderswente earne yn ’e Bouhoeke. Heit Borger wol leaver net mei namme en adres yn dit ferslach neamd wurde want hy is in ienfâldich man en hat gjin ferlet fan bekendheid. Heit en mem Borger en harren trije dochters libje fan in lyts hoekje lân.

‘Lêsten woe der in man fan dat programma fan ‘e NCRV, Man Bijt Hond komme te ierpeliten, mar dêr hawwe wy foar bedankt. Sa njonkenlytsen wol Jan en alleman by ús delkomme.’
‘Is it wier dat jimme it hiele jier troch ierpels ite?’
‘Jawis, trijehûndert fjouwer en sechtich dagen yn ’t jier’
‘Is dat net wat iensidich?’
‘Och heden nee, je kinne mei ierpels alle kanten út. Meastentiids ite wy se sa út ‘e skyl, yn ’e skyl sitte nammentlik de measte fitaminen. Mem de frou docht der ek wolris wat bargeriezel trochhinne, mei farske sjalotsjes derby, en ek wolris in klûntsje bûter mei peterseelje…hmm.. om it wetter der fan om ’e tosken te krijen. Op feestdagen krije wy der wolris in lyts stikje triedsjefleis by want ús boer slachtet wolris in bist.’

‘Om nochris werom te kommen op it programma Man Bijt Hond: bea de NCRV gjin fergoeding oan?’
‘Dat wol, mar dy man woe ús dan alles útfreegje oer ús rol yn it oaljeferveskilderij fan Vincent van Gogh, De ierpeliters.’
‘En dat hawwe jim dus ôfsein?’
‘Ja. Net dat wy dy tweintich euro net brûke koenen, hear!’
‘Lokkich mar dat ús blêd it trijedûbele bea foar in fraachpetear, oars hie ik hjir net sitten, haha… Mar as ik it goed begryp hat Vincent van Gogh jim frege om model te stean foar syn skilderij De ierpeliters? Hat er hjir oan ’e doar west?’
‘Jawis in pear moanne werom hat er hjir in pear wike omstrúnd, hy hie gjin sint op syn melis. Lykwols hat er wol in mudfol skoandere ierpels opfretten!. As it skilderij wat opbringe soe, dan soe er weromkomme om te beteljen.’

Ik skraabje my eefkes op ’e plasse.
‘Vincent Van Gogh hie jimme dus útsocht foar ien fan syn bekendste skilderijen!?’
‘O, witte jo der mear fan, jo binne wakker optein!’
‘De ierpeliters is in skilderij dat in fermogen wurdich is, hawwe jo de kranten net
folge?’
‘Nee, wy kinne gjin krante betelje, lêsten hat ús Ymkje, de jongste, in laptop mei ynternet fan skoalle meikrigen mar wy hawwe hjir gjin elektrisiteit.’
‘Ik tink dat de ierpeliters miljoenen wurdich is,’ sis ik ferbjustere.
‘Wat sizze jo, milj… jo hâlde my dochs foar it lapke!’
‘Nee echt wier, it hinget no yn in museum yn Amsterdam dat nei Van Gogh neamd is, hy is alwer in skoftke dea.’
‘Wat sizze jo no? Libbet de man net mear?’
‘Hy hat himsels lêsten foar de kop sketten.’

De mûle falt Borger sawat iepen, en hy sjocht syn wiif dy’t oan ’e oare kant fan ’e tafel sit mei mei grutte eagen oan.’
‘Hinke hast dat heard! Dy healwize keunstner hat himsels foar de kop sketten!’
It falt my no trouwens pas op dat Hinke har antlit lykas dat fan ’e oaren oerienkomsten hat mei ierpels.
‘O’, seit se, ‘dat hie ’k wol tocht, de eagen stienen him wakker frjemd yn ’e holle!’