Anne Feddema

Norsk husflid

logo.ensafh

Edvard Munch siet op ’e râne fan Fedde Friezema syn hotelbêd en skodholle.
‘Nee,’ sei de âld baas, wylst klauwend en pûlkjend oan syn grize stoppelburd, op in wize sa as Fedde noch nea earder ien ‘nee’ sizzen hearde, as hie er yn dat lytse wurdsje alle ellinde en fertriet fan ’e hiele wrâld sammele. Mar Fedde hie stadich oan genôch fan it gelul fan ’e meast ferneamde keunstner fan Noarwegen. Dy’t nammers, wier is wier, wol de reden wie dat er yn Noarwegen wie. Fedde woe nei it Munch Museet yn Oslo om einlings mei eigen eagen de ‘GJALP’, te sjen, ien fan ’e grutste ikoanen út de West-Europeeske keunstskiednis. En no, noch mar kâld, en dat wie der op it stuit perfoarst, in pear oerkes yn it lân fan ’e ‘fjorden’en dêr lei er al slim siik ûnder de lekkens yn in hotel, hotel Christiania, Christiania de âlde namme fan it hjoeddeistige Oslo.
‘Ik kin sa min yn ’e sliep komme nachts,’ sei Munch, ‘ik lis mar te draaien en te wrotten, en dan tink ik oan ’e skilderkeunst en de keunst oer it generaal en hokker kant it op giet of eins… gean moatte soe.’ Datst sa min sliepst komt omdatst dea bist âld sûch, tocht Fedde mar op it selde stuit fûn er de hiele situaasje folslein absurd. ‘Ik woe oars ek graach sliepe,’ sei er wrantelich, want dat soe in stik better wêze… dizze tastân gewoanwei fuortsliepe. Yn syn mage lei in blok semint, hurd en grillich as in, it bleau byldzjend apart genôch, byld dat nei in oare foarm siket.
Fedde kreunde sêft, hy woe oerein komme mar koe net iens in finger optille. It swit rûn yn streamkes fan syn gleone foarholle. It kaam troch dy Pølser, de hotdog dy’t er de middeis kocht hie op it fleanfjild Gardermoen omdat er him sa flau as in lús fielde. Munch siet hjir net iens op bêd, dat wie gewoan in projeksje, in hologram of soksawat, Friezema siet te folle efter de kompjûter de lêste tiid. Mar goed, hy wie fansels ek net fergees in Multy Media keunstner. Hy woe wat dwaan mei de ‘GJALP’. Hy woe minsken, miskien wol in hûndert of sa mei ‘Gjalp’maskers op dûnsje litte yn in slachthûs… in dierlike Dionysyske dûns, in metafoar foar it hjoeddeistige libben, yn elts gefal soene de dea en iensumens der in hiele wichtige rol yn spylje moatte. Fedde Friezema – syn ynternasjonale keunstnersnamme wie ’Frozen Fedd’ – hie al in pear grutte prizen wûn, lykas de ‘International New Art Media Prize of Sarajevo’, en de ‘Greatest Picture Still There Is of Hull Award’. Dan telden je wol mei no?
It Hologram begûn wer te praten. Der hong in nuver triljend ljocht om hinne, as by in tl-buis dy’t krekt noch net stikken wie. ‘Libje mei ûnwissichheid kin ek in wissichheid wurde fansels.’ Hie Fedde de krêft hân dan hie er grif it grutte sêfte hotelkessen, as yn in film of stripferhaal oer syn bûnzjende holle drukt.
‘Man hâld op, fal in oar lêstich mei al dat geëamel… jo binn’ al dea en ik bin hurd op wei om deselde kant op te gean… en as it sa fier is… dan hoopje ik net dat jo der ek wer by binne… ik ha skjin myn nocht, hear.’
‘Ik skilderje wat ik seach, net wat ik sjoch,’ sei Munch, ‘… mar miskien…’ en hy seach lang foar him út, ‘soe ik dat tsjintwurdich wol oars sizze… soe ik it oars sjen… soe ik eins noch wol skilderje? Ja, de eagen bliuwe wichtich… fotokes ha ik altyd makke, miskien soe ik no wol films meitsje… mar ik tink net dat dan myn tematyk fuort feroare wêze soe.’
Fedde skeakele wer oer op ’e monologue intérieur… hy koe dochs neat sizze en boppedat, wa prate no tsjin in hologram, hoe werklik oanwêzich ek?
Syn mobyltsje siet noch yn syn jaske en ek al lei dat jaske mar in goede oardel meter fan syn bêd oer in stoel drappearre, hy koe der net by komme as wie it noch sa. Alle krêft wie út syn lichem sûgd en it like as sakke er stadichoan wei yn syn matras.
Wat soe Aafke syn freondinne no dwaan?… dat wie in echten-ien… ek byldzjend keunstner. Dy wurke nachten troch. Se makke hiele grutte kleurefoto’s mei ljochtbakken fan twa by trije meter derefter, allinne mar fan bleate konten dêr’t lânskippen op skildere wienen en sa no en dan in stillibben. Dêr hie se sels in noch prestisjeusere priis foar krigen as Fedde, fan de ‘Photographic Society Neue Bilder Stiftung Organisation.’
Fedde hie in healoere lyn foar it lêst syn bêd út west om te spuien, dêrnei wie der aldergeloks neat mear kaam, mar wienen ek al syn krêften fuort. Hie er doe syn mobyltsje mar pakt, mar hy hie allinne mar sa gau moogik syn bêd yn wollen, dat dêr as in eilân yn ’e fierte lein hie, de lekkens hoekich en yn tearen as de jurk fan in Madonna op in skilderij fan Van Eyck.
‘Us mem kaam te ferstjerren doe’t ik noch mar fiif jier âld wie,’ sei Munch en der klonk in soarte fan snok yn syn stim troch, dy’t lykwols mear wei hie fan it lûd dat in droech knappend tûkje makket as immen der op stean giet.
‘Man hâld no op… hâld de bek… myn mem is ek al hiel lang dea en ús heit én myn suster ek,’ rôp Fedde no.
Hee, hy hie wer in bytsje kontrôle oer syn stim krigen. En hy fielde ek wat mear gefoel yn syn fingers en teannen kommen. Munch wie der net mear sa te sjen en Fedde foel no fuort as in blok yn ’e sliep.
De oare moarns fielde er him stikken better. It wie no wol dúdlik dat it in ûnferfalske akute oanfal fan fiedselfergiftiging west hie. Sa no en dan moast er in dikke boer litte en fernaam hy dat er in bedoarne aaiemage hie. Nea soe er mear sa’n hotdogding ite. Hy spruts de wurden ‘HOTDOGDING’ in pear kear as in soart fan Mantra lûdop út doe’t er ûnder de brûs wei stapte. Sa, no nei ûnderen ta en dan miskien foarsichtich in bakje fan it ien of oare yoghertguod ite, swierder moast mar net yn elts gefal en dêrnei nei it Munch Museet foar de ‘GJALP’ en hoopje dat de skilder dêr net efter in pylder wei foar it ljocht springe soe om in slap lulferhaal te hâlden, dat koe Fedde sels ek altyd noch wol… hiel goed sels… dat learden je no ien kear as hjoeddeistich byldzjend keunstner, dy’t ek op mondiaal nivo in bytsje meikomme woe.
Hy besocht syn freondinne te beljen, sy hie him wol belle mar gjin berjocht efterlitten. Dat slagge net, hy stjoerde har in sms’ke en gong doe, rêchsekje op, mei de lift nei ûnderen en stapte út by de ferdjipping dêr’t de ytseal wie.
It personiel eage in bytsje senuweftich. Wat soe der wêze kinne? Hy frege it in fanke fan ’e betsjinning. ‘You haven’t heard sir,’ sei se, ‘… they robbed the Munch Museet and stole the ‘SCREAM’ and some other worthless paintings… the Museet will now be closed for the rest of the week.’
Friesema sei neat en stie mar wat mei in leech glêzen bakje dêr’t noch yoghert yn moast. Doe sei er: ‘You mean priceless paintings?’ Mar it fanke wie al wer in eintsje fierderop dwaande.
Wat moast er no? Hy kaam op ’t lêst foar de ‘GJALP’. Yn dat hiele fucking Oslo wie neat te rêden… ja in soart fan iepenloft trollepark of sokssawat dêr koenen je hinne. Uteinlik gong Fedde dy kant mar op, hy moast earst it ien en oar ferwurkje en dan mar wer in nij plan meitsje… godferdomme… dat hie hy wer! Hy koe fansels altiten in plaatsje brûke as foarbyld, de hiele keunstskiednis wie per slot plaatsje wurden… watte? It hiele libben, ien of meardere plaatsjes efter elkoar mei of sûnder lûd.
Ut de hotelkeamer seach Munch Fedde fuortkuierjen. Ik siet eartiids nea sûnder ideeën, by need stuts ik sels in skuorre yn ’e brân om dernei it skouspul te skilderjen, mar ja tiden feroarje, tocht er. Munch die de mûle iepen, earst in stikje, doe fierder en fierder oant der in ‘GJALP’ ûnststien wie sa grut as it hotelrút. Doe fûn er dat it moai genôch west hie en hy ferdwûn.
De ‘GJALP’ spatte as in sjippebûl útelkoar.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *