Hidde Boersma

It geheim fan ’e smid – Hein Jaap Hilarides oer de driuw efter Joppe

logo.ensafh

It is fjouwer oere en ik moat noch in minút as tsien rinne fan Amsterdam Sintraal nei kafee ’t Molentje oan ’e Singel efter it Paleis op ’e Dam, dus ik kom te let.
Ut ’e fierte wei sjoch ik Hein Jaap al sitten op it terras.
‘Dou hast beld om te sêgen datst wat later waarst?’ freget Hein Jaap mei de tillefoan yn ’e hân. ‘Ik hoor ’m niet meer. Hy is fallen.’
Ik gean sitten en sjoch omheech.
‘De sinne is aanst fuort,’ sis ik, ‘miskien kinne we better oan ’e oare kant fan it wetter sitten gean.’
Oan ’e oare kant fan ’e brêge is ek in terraske en der is in taffeltsje frij. We rinne derhinne. As we sitte sjocht Hein Jaap nei ’t Molentje.
‘Ik bedink my inenen’, seit er, ‘se hewwe dêr wel fan die Weihenstephaner.’
We bliuwe dochs mar sitten. Op ’e kaart stiet allinne mar ‘witbier’, net hokker merk se tappe. Hein Jaap freget it famke der nei.
‘Geheim van de smid,’ seit se.
We sjogge inoar even oan.
‘Nou doen die dan maar.’

Foar’t we it krije oer syn boek Joppe wikselje we wat anekdoates út. Sa hie Hein Jaap in jier as sân lyn ris in moanne in Georgiër oer de flier, dy’t Amsterdam belibje woe. Op in dei rôp de man ferheard út: ‘Hein, I don’t know what happened!’
It die bliken dat yn stee fan syn fyts, it axa-slot stellen wie.
In oare kear rûn de Georgiër op samar in dei in Afrikaan dy’t er fan Georgië koe tsjin ’t liif op in autotsjerkhôf op ’e Hemrik yn Ljouwert.

Sa’t Hein Jaap yn it deistige libben graach anekdoates fertelt, docht er dat ek yn Joppe, syn debútroman. Guon personaazjes binne suver in anekdoate op himsels, sa as Oebele Streekstra fan ’e gemeente.
‘Is Oebele biografysk?’, freegje ik.
‘Oebele is ’n optelsom fan persoanen’, leit Hein Jaap út. Foar Oebele brûkte er ûnderfinings fan it wurkjen by de gemeente as ferfangende tsjinst.
‘Soadra at Oebele wat saai, sat ik gelyk in die sfeer, in dat kamertsy fan miljeu.’
As Hein Jaap oer Oebele praat sit er op ’e punt fan ’e stoel, ferjit er syn bier en skodhollet er.
‘Skeuren in syn hús, dat is ’t slimste dat him overkomme kin’, ropt er út, ‘beurs kwyt, dat soart dingen.’
Yn it boek rekket Oebele syn beurs hielendal net kwyt, mar Oebele is foar Hein Jaap ta libben kommen en hy kin der eins net by hoe’t dy fint yninoar stekt.
‘Oebele is ’t meest ongrypber, en dos ok it meest te begripen. Hy kraamt alleen onsin út, en weetst by him niet of ’t onbewust of bewust gaat, dat hy ’t soms miskien stuurt. En dat weet Joppe ok niet.’
Sa sprekt Oebele Joppe faak oan mei ‘Joppe fanke’.
‘Hy weet dat dat ’n bepaald effekt het, maar …’
Hein Jaap skodhollet noch mar ris, om fuort dêrnei mei fjoer noch mear fernuvering oer Oebele te uterjen.

Doe’t de útjouwers fan it projekt Fryske Modernen him fregen om in roman te skriuwen, naam er him fuort foar dat syn ferhaal in ‘goed plot’ ha moast.
‘Om ’t ferhaal in ’e stringen te houwen, om te sorgen dat ’t niet allegaar geëamel worre sou. Met de struktuur, ’t raamwerk bin ik feul bezig weest.’
Mei it ‘geëamel’ ferwiist er nei de gong fan saken op it gemeentehûs. Dat like Hein Jaap in moaie setting foar syn roman ta. Dan koe er moai syn eigen oantinkens brûke. Op syk nei hannen en fuotten foar in goede plot stelde er himsels de fraach: ‘Wat waren de belangrykste dingen in die perioade wêr’t ik affiniteit met hew.’
Sa kaam er út by twa histoaryske politike besluten út dy tiid: de Wet Milieubeheer, dy’t betsjutte dat der stringer tasjoen wurde soe op it neilibjen fan milieufoarskriften, en it beslút dat yn alle Fryske gemeenten in asylsikersintrum (AZC) komme moast. Dat brocht him ta de ynjouwing fan in AZC op fersmoarge grûn, dat in ideaal útgeanspunt bea om syn oantinkens oan syn wurk by de gemeente, syn affiniteit mei milieu, en it fenomeen fan in AZC yn in lytse mienskip ûnder te bringen yn in ferhaal mei in plot.

‘Ik hew fan te foren ok an drie frouwen froegen wat in ’t boek komme most. Die saaiden: seks, liefde en spanning’, fertelt Hein Jaap.
Je soene sizze kinne dat de trije froulju dêr’t Joppe op de ien as oare manier omgong mei hat, elk steane foar in winsk fan ’e trije riejouwers fan Hein Jaap. Houkje foar de seks, Thalia foar de leafde, en Terpsi foar de spanning. Terpsi is in asylsykster dy’t Joppe treft by de skiep op ’e dyk. Se makket fuort wat by him los.
‘Je foele dat der wat gebeure sil, maar siest alleen ’t begin, niet hoe’t ’t ôflope sil.’
Terpsi soarget yn mear opsichten as oantrekkingskrêft foar spanning yn it ferhaal.
‘Ik hew feul moeite deen om hur soa rasjoneel mooglik te houwen. Dus niet fanút ’e emoasy handele te laten, maar fanút de ratio, hoe’t se riddeneert en teugen dingen ankykt.’
Op de ien as oare manier is it as springt har emoasje krekt dêrtroch fan ’t papier as se op it gemeentehûs in taspraak hâldt oangeande it geroft oer de oanwêzichheid fan kwik ûnder it AZC. Je fiele suver dat se har emoasjes ûnder kontrôle hâlde wol troch rasjoneel te bliuwen. En eins hat Hein Jaap it ek opskreaun: ‘Grutsk en tryst hie se foar har útsjoen’.
‘Terpsi is folslagen fiktyf. Dêrfoor hew ik feul literatuurstúdy ferricht.’ Terpsi is fluchten út Rwanda fanwege it konflikt tusken de Hutu’s en de Tutsi’s, dy’t inoar ôfslachten. ‘Dat waar, doe’t ik self by de gemeente waar, an ’e gang. Ik docht: dêr doen ik wat met. In de biblioteek hew ik boeken lezen over de geskiedenis fan it konflikt, maar ok kultuurhistoarise boeken over stammen en gebrúkken út die regio. Ferfolgens hew ik die striid in ’t fiktive lând Darwan ôfspeule laten.’

Fan it foaropsette ramt is Hein Jaap net mear ôfwykt. ‘Wat ik in ’t hoofd had is presys lukt’, sjocht er werom op it skriuwen fan Joppe, ‘Ik bin dêr seker tefreden over.’
Oan ’e oare kant stelt er dat, ‘ast goed kykst, ’t boek in literêr opsicht mislukt is’. Dêrmei doelt er der op dat yn Joppe alle dingen dy’t barre wat faach bliuwe. ‘It gerucht over ’t kwik onder ’t AZC blykt nergens op baseard, en niet een fan Joppe’s relasys is fan foor naar achter beskreven. Terpsi’s pake worde per ongeluk as Tutsi beskoud, wylst hy aigenlik Hutu is. De skapen breke los, maar d’r komt gyn antwoord op hoe’t dat kin.’
‘Maar’, mystifisearret Hein Jaap de boel, ‘kinst ok folhouwe dat ’t lukt is.’
Hy lit ‘tada’ de hânpalmen sjen en ik sjoch him oan as stiet der ynienen in knyn op ’e tafel.

‘Woest der wat mei sizze, dat alles yn ’t fage bliuwt?’ freegje ik him as der blokjes tsiis op ’e tafel stean.
‘In wezen niks’, begjint Hein Jaap, ‘Soust sêge kinne dat dingen faak onferklaard blive, of nergens op útdraaie, totaal sonder reden gebeure. Dan kinst dinke: dat is dan niet fan belang. Maar dat is maar de fraag, of ’t dan niet fan belang is’, filosofearret er en seit dan: ‘De onbenulligheden benadrukke de onferklaarbere, irrasjonele aspekten fan ’t leven.’

Yn Joppe rinne de dingen dy’t barre tafallichwei yninoar oer. It ferrin fan ’e dingen liket earder stjoerd te wurden troch irrasjonele driuwfearren en it gearfallen fan omstannichheden as troch trochtochte besluten en foarútsjen. Dat liket foar Hein Jaap mear in gegeven dat er fertelle woe as dat it in djippere laach yn it ferhaal wêze moat.

Joppe wurdt ferteld út Joppe wei. Syn mentaliteit liket it ferhaal te stjoeren. ‘Hy doet in wezen alles half, gaat niet folút. De dingen overkomme him wat.’ Dat is net frjemd, want sa’t Hein Jaap seit: ‘In Joppe’s mentaliteit sit wel wat fan myself.’
Om’t Joppe gjin ‘geheelweigeraar’ is bedarret er by de gemeente. ‘Joppe kin gyn beslútten nimme en dêrmet past-y goed in de setting fan de gemeente.’ Dat er net op ’e oanbieding yngiet om dêr, nei syn ferfangende tsjinst, oan ’t wurk te bliuwen, is úteinlik it iennige werklike beslút dat er nimt. ‘Hy het dan dos de kracht om dêr niet hangen te bliven.’ Dy krêft hie in man as Daam Alma bygelyks net, dy’t, sa’t Hein Jaap it údrukt, ‘gebukt gaat onder ’t werken bij de gemeente’.
In oar beslút dat Joppe nimt is ’t ôfreizgjen nei Taizé yn Frankryk. Oan de oare kant oerkomt it him min of mear wat, want krekt de psychysk swakke Buunk bringt him nuvergenôch op dat idee. Joppe liket suver efter himsels oan te rinnen, ek as it om ’e leafde giet. It liket as hat er gjin ynsjoch yn syn eigen gefoelens. Nei’t er frijt hat mei Houkje fan ’e resepsje fielt er him wat futleas.
‘’t Is ’n soart fan ferdivedasy, dat weet-y wel, maar ok weer niet seker. Ik snap dat fan Joppe niet!’ skodhollet Hein Jaap.
De frijpartij hat er beskriuwe wollen sa as it is, sûnder babbelegûchjes: ‘Soa as in kontrôle fan miljeu gebeurt, soa beskriif ik ok de frijsêne. Soa wou ik dat. Omdat dat foor my in ’t ferhaal op ’tselde nivo stond.’

Hein Jaap hat Joppe skreaun mei in heldere struktuer foar eagen. Fierder is er nijsgjirrich bleaun foar it hâlden en dragen fan ’e personaazjes. ‘’t Ferhaal kon alleen skreven worre deur nijskierig te bliven.’ Hy neamt Joppe boppedat: ‘’n Pleidooi foor nijskierighyd’.

As ik myn oantekeningeblok oan ‘e kant sko, stuitelet in man foarby. ‘Die man sit elke dâg in ’t Molentje wyn te drinken en sware sjek te roken,’ knikt Hein Jaap nei de man. ‘Ik begryp sokke mannen niet, en ok weer wel.’