Henk Wolf

De klap

logo.ensafh

Yn ‘e keuken gûlde mem. Meike kaam oerein. Se moest der mar efkes hinne. De Barbies hie se doch gjin nocht mear oan. Se krige dy stomme fuotten der mar net rjocht ûnder. En dy domme troelen seagen har dan ek noch sa ûnnoazel oan. Altyd mar gnize. Se woe gjin Barbies mear. Eins fûn Meike harsels al wat te grut wurden foar Barbies. Se wie in grut famke, dat har memmy treaste soe.
‘Net gûle, memmy,’ sei se. Se streake mem sêft oer de rêch. Doe gong de doar iepen. Dêr stie heit. Hy seach mem en Meike efkes oan.
‘Hoi, heity,’ sei Meike sa fleurich mooglik.
‘Sjoch ris wat ik ha,’ sei heit. Hy hold in boekje omheech. In boekje mei in foto fan pingwin-menearen op ‘e foarkant. “Ik ha reservearre foar de Supernacht fan nije wike.”
‘Yes!’ rôp Meike. Mem glimke. Se joech heit in tút.

In protte minsken binne bang yn it tsjuster. Rosso ten Cate wie dat net. Krekt as it ljocht wie, seach er fakernôch nuvere skimmen en bewegingen oan ‘e râne fan syn gesichtsfjild. Dêr waard er nerveus fan. Yn syn wurkkeamer yn it teater hold er it jûns by ien lyts lampke. Dêr hied er al sa’n soad aparte dingen sjoen. Woed er de boel achter de wynbrauwen wat op in rigeltsje hâlde, dan koe it net te folle ljocht ferneare.
De twa kreas oanklaaide hearestallen yn de keamer njonken Ten Cate sines hienen sok dwaan op in pypfol. Botte earnstich wienen se likegoed net oanlein en it mocht har net heuge dat se de lêste ieuwen benaud fan it ien as oar west hienen.
‘Wurket der jûn wer ien oer?’ frege Rico van Burmania, de lytste fan de twa.
‘Ik sil even sjen,’ glimke syn maat Alex van Harinxma. Hy stuts de holle troch de muorre en seach ris yn it rûn yn it smûke kantoarke dat dêrachter lei.
‘De jonge Ten Cate is noch oan it wurk. Hy sit te skriuwen. Wol frekte tsjuster oars, hy hat allinne sa’n lyts burolampke oan. Dy jonge moat om ‘e eagen tinke.’
‘Is er djip yn ‘e prakkesaasjes wei?’
‘Leau it al,’ gnyske Alex. Hy luts de holle wer werom. ‘Sil ik …’
‘Hjoed wie ik oan bar!’ rôp Rico, wylst er him tusken Alex en de tillefoan smiet.
‘Hmmm,’ prommele Alex sneu. ‘No ja, toe dan mar.’
Rico naam de hoarn op en drukte in nûmer yn. Troch de muorre hinne hearden se rinkeljen. Ien, twa, trije kear. Doe klonk it wat ûnwis: ‘Ten Cate spreekt u.’ Laitsjend lei Rico wer op.
‘Aansen noch mar in kear,’ seid er. Hommels hearden se beide in klap. Alex stuts nijsgjirich de holle wer troch de muorre.
‘Ten Cate sit op it gat tsjin de doar oan en wriuwt him oer de foarholle,’ seid er. ‘Dêr hat er in grouwe bûde.’
‘Dan sit Gerard him wer te pleagjen, tink,’ sei Rico. Efkes letter kaam Gerard van Buwalda troch de muorre fleanen.
‘Ha jim it sjoen?’ frege er mei in grutte gniis.
‘Eê, moatst al in bytsje om dy jonge syn holle tinke, Gerard,’ sei Rico sabeare kiezzich. ‘Ast him de doar heeltyd yn it gesicht tichtslachst, makket er de sluting aansen miskien net iensen mei.’
Gerard luts de mûlshoeken omleech. “Man, wat sil ik al dy minsken hjir misse. Ik ha noch noait safolle wille hân as sûnt se der hjir in teater fan makke ha.”
‘Echt in flater fan komsa dat se de brot slute. Se binne ek allegear like ûnnoazel by de gemeente Ljouwert,’ sei Rico. ‘Altyd al sa west. Doe’t wy noch libben, wie it net oars. Dizze stêd lûkt gewoan as regel grutte hampels as bestjoerders oan.’
‘Lykas dy?’ sei Alex pleagerich.
‘No ja, ik ha myn flaters ek wol makke, mar ik ha derfan leard,’ prommele Rico.
‘Dat mei ek wol, nei safolle hûndert jier,’ pleage Alex.
‘Hee mannen, nije wike is de lêste foarstelling,’ foel Gerard dertusken. “Dan meitsje wy der in grut feest fan, okee? Wy sille ús nochris ien kear goed tjirgje, wa wit wannear’t hjir wer ris sa’n berch minsken byinoar binne.”
‘Goed plan!’ rôp Alex. ‘Ik ha wol wat ideetsjes!’

It wie in wike letter doe’t Meike achter heit en mem oan troch de binnenstêd tripke. Se soenen lekker nei de muzyk ta! Meike hie har moaiste jurk oan en se hie blomkes yn it hier.
Se wie sljocht op muzyk, lykas heit en mem. Jûn kaam de fioelmuzyk mei pingwin-menearen achter grutte trommels. Dy lei heit thús faak yn de cd-spiler. Meike dûnse der graach op. Mar mei de pingwin-menearen derby wie de muzyk doch it aldermoaiste. En dan fansels yn de houten bankjes, lykas de ûleried út it foarlêsboek fan mem. Meike seach altyd eefkes as in wize ûle at se yn de houten bankjes siet. Bêst lang lyn wol dat se foar it lêst nei it teater mei de houten bankjes gongen wienen. En mem lake no. Dêr wie Meike wol bliid om. Jûn wie it ommers feest. Heit betelle foar mem en Meike mocht der fergees yn.
‘Dat is it foardiel as je noch bern binne,’ glimke se tsjin heit. ‘Heit en mem moatte altyd betelje omdat se al grut binne.’
Heit gniisde mar wat en Meike krige gau syn jas beet om him net kwyt te reitsjen tusken al dy minsken. Se gongen op ‘e achterste rige sitten, dêr wie noch plak genôch. De houten bankjes wienen wol hurd, mar dêr joech Meike net om. In wize ûle koe wol wat ha.

Rosso ten Cate seach it hear ris oer. Sa’t it like wienen se hast útferkocht. It wie fansels ek in bysûnder konsert. Hy seach heel wat bekende gesichten. Fêste besikers dy’t jûn ôfskied nimme woenen fan it teaterke yn it tsjerkje. Se soenen it allegear misse, mar sa bot net as hy, tocht er. Sjoch, dêr wie de keale wethâlder. O nee, âld-wethâlder wie it ûnderwilens, dat domme mins dat him opfolge hie, wie der ek. Koe in haikû net fan in sonnet, dy troela. En dêr wie de stedsdichter. En dêr dy mislearre skilder dy’t it ha moest fan syn kontroversjele skilderijen. No ja, kontroversjeel? Sjokkearjend foar in pear fine jeuzeltantes op jierren miskien. O, dat leuke blonde wyfke wie der ek. En dy minsken dy’t hjir yn it ferline faak mei harren dochterke kamen. En dy âld-direkteur dy’t se by dat wittenskiplik ynstitút wipt hienen. Dy seach der ek net sa happy út.

Op it poadiumdoek beseagen Alex, Gerard en Rico it ynstreamend publyk út wat in oare hoeke wei. Se hienen in bêst sin.
‘As it konsert jûn dien is, dan sille wy doch laitsje,’ sei Alex, wylst er de hân troch syn sikje helle. Hy hie no al stille wille. “En Gerard, tink derom: nei it konsert. Net ûnder it konsert. En pas as alle muzikanten fan it toaniel ôf binne. Ik seach dy wol gnyskjen, mar wy wolle gjin ûngemakken.”
‘Goed,’ prommele Gerard en hy makke it heakje fan it grutte swiere kleed wer fêst. Hy wie der wakker grutsk op dat er dat no koe. Hûndert jier lyn wist er noch net hoe’t er mei wilskrêft dingen bewege litte koe. De earste pear ieuwen nei syn dea hied er him frij helpeleas en ûngelokkich field. No koed er al in soad. Hy wie sels al safier dat libbene minsken him, as er dat woe, út de eachshoeke wei faach sjen koenen. In dúdlik byld krigen de measten lykwols net fan him.
‘Moai,’ knikte Alex doe’t it kleed wer goed siet. “Noch eefkes geduld. Lit ús earst noch wat fan de muzyk genietsje.” Hy seach omleech, yn it dekolletee fan in fioeliste en lake tefreden. Rico lake om in fioelist mei in dwarsstrikje dat loskaam wie en no tusken de snaren fan de fioel rekke, ta argewaasje fan de muzikant. En dy paukenist dy’t sa bot ôfblaasde dat de broek him der bol fan stie, wie ek grappich. Rico hufte himsels op ‘e knibbels, sa’n wille hied er. Wylst wreau Gerard him yn ‘e hannen as er tocht oan it momint dat er it kleed wer losmeitsje mocht.
Wat in aparte man, tocht Meike. Se hong foaroer yn it houtene bankje en obstrewearre de bewegingen boppe it poadium. En dêr siet noch ien. En dêr noch ien. Trije fan dy mannen yn âlderwetske kostúms. Wêr sieten se no op? Op it gerdyn? Of op in balke? Se koe it net sa goed sjen. Se swaaide.
‘Sjoch dêr ris,’ sei Alex ferwûndere. ‘Dat lytse famke swaait nei ús!’
Rico seach yn de rjochting dy’t Alex oanwiisd hie. “Dat is apart. Swaai mar efkes werom,” seid er. Dat die Alex.
Meike swaaide nochris. Se lake breedút. Wat in grappige manlju. Hee, se lutsen no ek gekke bekken nei har. Sjoch, dy iene makke in lange noas. En blikje! Dy oare gong op ‘e hannen stean. Boppe op dat gerdyn of wêr’t it ek op wie. It liken wol clowns. Seach no net ien se dêr ommeneuveljen? Dit wie doch hartstikke grappich? Se luts heit oan ‘e jas, mar dy gong te bot yn de muzyk op.

‘Moaie folle bak, Ten Cate,’ sei de direkteur tefreden. Hy joech syn assistint in klapke op it skouder. De oare glimke wat soer. Wis wie it in moaie foarstelling. In prachtfoarstelling sels. Mar wol de alderlêste. Hy moest aansen om oar wurk út. Hy joech om dit wurk. Oan ‘e oare kant wied er ek wol wat ferromme dat er nachts tenei net mear allinnich yn dit teaterke hoegde te sitten. Hast alle jûnen gong de tillefoan wol in kear. Oan it rinkeltsje koed er hearre dat de beller in tastel yn it gebou brûke moest, wylst er der doch hast wis fan wie dat der bûten himsels net ien wie. Earst hied er tocht dat der in steuring wie, mar de tillefoantsjes kamen aloan wer. Hy hie alris in slach troch it teater dien om te sjen oft der miskien doch noch ien achterbleaun wie, mar nee, gjin kop.
Hy fielde oan ‘e foarholle. Dy bûde wie hast fuort, mar hoe faak wie it net bard dat er de doar fan syn kantoar tsjin ‘e noas krige? Of dat er him net iepen krije koe? Soms hearde er dan ien gniffeljen. En in pear kear wienen de papierren op syn buro samar omheech stood, of der foelen mappen út de kasten. Hy wist dat derfan grute waard dat it spoeke yn it teaterke, mar dat wie doch praat fan neat. Doch?
Hy sei de direkteur gedach en pandere de konsertseal yn. De banken sieten no hast helendal fol. Allinne op ‘e achterste rige wie noch in plakje frij. Hy wrotte him tusken de minsken troch en gong dêr sitten.
Wat in lomperik, tocht Meike. Wêrom moest dy man presys yn dat lytse hoekje njonken har sitten gean? No moest se by heit op skurte sitte, woe se net helendal yn ‘e knipe komme. Heit hie der oars wol eefkes wat fan sizze mocht. Se bleau in pear minuten lilk. Doe rekke se wer yn de ban fan ‘e muzyk. De foarstelling wie dan ek foarby ear’t se der erch yn hie.
‘No mar!’ rôp Alex út. De trije geasten heakken tagelyk de nakjes út de oezen en mei in doffe klap foel it swiere reade doek op it poadium. Panyk rûnom. Minsken krieten, in pear kamen oerein. It applaus wie samar ynienen opholden. De muzikanten stienen sa wyt as in lekken tsjin de achterkant fan it poadium oan. In pear stuoltsjes en in cello wienen ûnder it gewicht fan it doek beswykt. Ten Cate hie yn ‘e broek pisse. Alex, Rico en Gerard skuorden har de bûsen út. Oant Alex it lytse famke yn it each krige.
Meike har heit hold syn frou stiif yn ‘e earms. Se koe net wer ophâlde fan gûlen. Foar it earst nei al dy moannen wienen se tegearre de doar wer ris út gongen. Hy hie de hele jûn bang west dat se de lûden fan de auto’s op ‘e dyk net ferdrage soe, mar it wie allegear goed gongen. Oant no ta. De doffe klap fan it gerdyn hie har alles wer foar de eagen brocht. Ynienen seach se dy auto wer. It bloed op ‘e klinkerts. Lytse Meike.
Alex hie triennen yn ‘e eagen doe’t er seach hoe’t it famke fûleindich oan har heit syn jas skuorde, sûnder dat de stof sels mar beweegde. Se gûlde.
‘Fine jim it goed as se by ús bliuwt?’ frege er.