
In gedicht oersette: útdaagjender taalwurk is der hast net. Hoe lit in fers, skreaun yn de iene taal, him yn in oare taal skriuwe? Yn in twatalige omjouwing, sa’t dy yn Fryslân bestiet, wurdt in protte poëzij oerset. Gauris moat de oersetter wat fan de oarspronklike tekst ynleverje. Mar as it goed is, wit er dat ferlies wer goed te meitsjen mei syn eigen kreative fynsten. Oersette wurdt sa in noflik gefjocht tusken tekst en minske.
Op de Provinsjale Skriuwdei yn de workshop ‘Oersette yn it Frysk’ komt in tal aspekten fan it oersetten – en fan it oersetten nei it Frysk ta – oan ’e oarder. Abe de Vries hat foar belangstellenden twa teksten út ’e Nederlânske literatuer útsocht om dy oer te setten yn it Frysk: de fersen ‘De aardappelsorteermachine’ fan H.H. ter Balkt en ‘Het huwelijk’ fan Willem Elsschot. It iene frij fan einrym, it oare strofysk en mei in rymskema. De tekst fan beide gedichten is te finen op de website www.skriuwdei.nl .
Dielnimmers oan de workshop wurdt frege om har oersetting fia de email op te stjoeren nei teake[punt]oppewal[apesturtsje]tresoar[punt]nl. Oer de post kin ek: Stjoer de teksten op nei Tresoar, Oerstting Skriuwdei, Postbus 2637, 8901 AC Ljouwert. Deadline: 1 septimber!
It leit yn de bedoeling om de oersettingen fan minsken dy’t dat wolle nei de workshop op Farsk te publisearjen.
De jierlikse Provinsjale Skriuwdei is dit jier op snein 7 septimber yn kreativiteitssintrum fan it Centrum voor de Kunsten a7 (earder ‘De Cirkel’), Minckelersstrjitte 11 op It Hearrenfean. De workshop fan Abe de Vries is fan 13:30-15:30 oere. Mear ynformaasje en opjaan op www.skriuwdei.nl .
● Abe de Vries wurke yn de sjoernalistyk foardat er yn 2007 útjouwer waard by de Friese Pers Boekerij bv. Hy is de oprjochter fan www.farsk.nl , begjin 2003. Hy publisearre trije dichtbondels; foar syn twadde, In waarm wek altyd (2004), krige er yn 2005 de Gysbert Japicxpriis. De Vries sette yn de mande mei oaren Slauerhoff oer yn it Frysk en Spanninga yn it Nederlânsk. Yn 2008 ferskynde syn grutte twatalige blomlêzing Het goud op de weg, in kar út de Fryske poëzij fan nei 1880.