
By útjouwerij Venus binne twa moaie bondels ferskynd. Hoe binne de helten fallen en De kul oer it skouder. De earste giet oer de affêre Bauke de Jong en de twadde oer Quatrebras as nij tydskrift.
De skiednis fan de resepsje fan literatuer kinst hiel goed sjen litte oan ’e hân fan de kritiken sels. Kinst ek better sjen hoe’t dy grutte skriuwers eins tochten en foaral skreaunen oer nije ferskynsels. Faak docht dan spitichgenoch bliken dat de tinkkrêft fan de âlde skriuwers benêfter bliuwt.
Yn 1965 hat Bauke de Jong syn ferneamde artikel skreaun dêr’t er Folkertsma as antysemyt yn ûntmaskere of beskreaun hat. De reaksjes fan de âlde garde op dit artikel binne eins allegear krekt like foarsisber. Hast gjinien (útsein dy fan Lolle Nauta, Steven de Jong en Fokke Sierksma) wol der oan dat Bauke de Jong wolris in punt hawwe kin.
No (in heale ieu letter) sjogge we dat De Jong wol in wier wurd skreaun hat en dat er it pleit wûn hat. Mar makket dat fan de skriuwer en tinker Folkertsma mei-iens in minne skriuwer en tinker? De Jong tocht fan al. Dat is eins it spitige fan it moaie stik fan Bauke de Jong; syn sarkasme is sa hurd dat er it Schurer, Tamminga en Noordmans wol hiel maklik makket. De Jong hellet tal fan foarbylden oan út teksten fan Folkertsma dêr’t er fan seit dat er it ûnbegryplik, want religieus fynt. Dat is krekt wat te maklik.
Folkertsma wie in antysemyt, safolle is my wol dudlik wurden. Nimmen hat it yn syn tiid opmurken of besprutsen, en dernei hawwe de artikels dêr’t er syn foaroardielen yn opskreau tritich jier yn ’e kast lein. Tamminga, Schurer, Akkermans, Noordmans, allegear hawwe se Folkertsma as helt hân en allegear fine se dat De Jong in ûnwier en min stik skreaun hat. Nimmen fan har giet yn op de arguminten dy’t yn it stik stean. Der wurdt allinnich besocht om Bauke de Jong as in lyts baaske ûnderút te heljen. Hy soe in bern wêze dat noch mar krekt wit hoe’t er skriuwe moat.
De rigels dêr’t it allegear mei begûn binne in rige foaroardielen oer joaden dy’t Folkertsma oernimt en net allinnich beskriuwt. Nauta reagearret op it ekskús as wie it foar de oarloch de gewoanste saak en praat fan joad en Germaansk, dat fanôf 1934 in wurd as joad net mear sa ûnskuldich wie as earder. De âldere generaasje hat – sa sizze de kristenen ûnder har – bûter op ’e holle, mar ast tsien kear yn in artikel seist datst bûter op ’e holle hast, leau ik net mear datst it mienst
Uteinlik is Folkertsma as in besmet skriuwer yn ’e hânboeken telâne kaam, wylst Tamminga en konsorten skjin bleaunen. Fan Bauke de Jong haw ik lykwols ek net folle mear heard. Lolle Nauta hat de bêste en moaiste stikken skreaun oer dizze perioade en hat de Fryske literatuer úteinlik ferlitten foar de filosofy. De grutste talinten geane fuort. Hessel Miedema – eins it iennige grutte talint út de Quatrebras generaasje is ek net lang yn Fryslân bleaun.
De besoarger fan de bondel, Trinus Riemersma, wie sels ek aktyf yn de Fryske literêre wrâld yn dy tiid. As er doe net folle oer dizze kwestje te sizzen hie, dan hie it dochs moai west as er dat no al dien hie, ik fyn it foarwurd nammentlik net nijsgjirrich genôch. Der stiet eins net mear yn as in beskriuwing fan de artikels en in útlis fan de kar. Riemersma hie oer syn eigen foarkar hinne stappe kinnen en skriuw in moaie analyze fan de kwestje.
Yn de twadde bondel (oer de reaksjes op it ferskinen en ûntstean fan in nij Frysk tydskrift; Quatrebras, mar foaral oer Hessel Miedema syn poëzy) is Riemersma in bytsje wiidweidiger yn syn beskriuwing en analyze fan de reboelje.
Eins binne de twa bondels dy’t Riemersma besoarge hat gear te fetsjen as reaksjes fan de âldere generaasje op trije nije eleminten, te witten: Hessel Miedema, Bauke de Jong en it feit fan in nij tydskrift.
Neffens Riemersma is de kearn fan de polemyk dat de nije generaasje taal en ek literatuer mear sjocht as wat dêr’tst mei boartsje kinst, wylst de âlde generaasje literatuer noch as wat ferhevens sjocht. Seks en gekjeierij, dêr kinst Hessel Miedema, en it nije tydskrift Quatrebras ûnder beflappe. It is sneu hoe’t de âlde generaasje him yn syn reaksjes kinne lit. It koe net, it mei net en dit wie net de bedoeling. Mear komt der eins net út. Wer is Lolle Nauta tegearre mei Anne Wadman de iennige dy’t de nije literatuer as keunst beskôget.
Quatrebras en benammen Hessel Miedema syn wurk wurde sjoen as eksperimintele literatuer. Mar wat is eksperiminteel eins? Riemersma hat it, sa as sein, oer literatuer as boarterij. Mar boartsje is fansels ek serieus. It boartsjen makket grammatikale en poetikale tradysjes net fanselssprekkend, trochdat de regels net respektearre wurde. De poëtika fan de foargonger wurdt as in dogma beskôge. De regels fan bygelyks in fers binne dogma wurden en meitsje it de jonge skriuwer blykber ûnmooglik en skreau in nij wurk sûnder dat er dizze regels trochbrekt. Eksperiminteel wol dus eins safolle sizze as: nij, modern. Dêrom hie Nauta gelyk doe’t er skreau dat Tamminga en konsorten foar in literatuer stride dy’t net mear bestie.
Oarsom is dat proses fansels ûnderdiel fan de literêre ûntjouwing sels. Literêre wurken, foarmen en opfettings folgje inoar op. Dat hinget gear mei de tiid dêr’t de wurken yn ûntstien binne, de tiid of omstannichheden meitsje dat de foarmen âldfrinzich wurde. Sa besjoen wie De Tsjerne oan syn ein kommen.
Tr. Riemrsma (ed.)
Hoe binne de helten fallen?
Venus, Frjentsjer 2007
Tr. Reiemrsma (ed.)
De kul oer it skouder
Venus, Frjentsjer 2007