
‘Mei dwaande te wêzen kin men gjin master fan ’e wrâld wurde.’ It stiet yn de Tau Teh Tsjing fan Lau-Tze.
Henry D. Thoreau skreau yn ‘Walden’: ‘Ik hald fan in brede boartersromte yn myn libben. Soms sit ik op in simmermoarn, nei’t ik earst in bad nommen ha, fan it opkkommen fan ’e sinne oant de middei yn myn sinnige doarsgat, ferdjippe yn dreamerij, yn fredige , mids sumaks en dinne- en nutebeammen wylst de fûgels om my hinne songen of stil troch it hûs fleagen … Ik woeks op sokke mominten as maïs yn ’e nacht, en se wiene folle better as watfoar hânwurk dan ek west hawwe soe. It wiene gjin tiden dy’t op myn libben yn mindering brocht waarden, kretk oarsom, se gongen boppe de poarsje út dy’t my gewoanwei tabedield waard. It begûn my dúdlik te wurden wat easterlingen bedoele mei meditearje en fan wurkjen ôf te sjen.’
En fierderop skriuwt er: ‘Ik bin bliid dat der ûlen binne. Lit har mar idioat en maniakaal jammerje yn stee fan ’e minsken. It is in lûd dat wûnderlik goed past by sompen en skimerige bosken dêr’t gjin deiljocht yn trochkringt en dy’t in wide en net-oanmakke natuer oproppe dy’t de minsken noch net ferkend hawwe. Se fertsjintwurdigje de stive, skimerige en ûnbefredige gedachten dy’t elkenien hat. De hiele dei hat de sinne skynd op it oerflak fan in wyld stik sompe, dêr’t mei moas behongen swarte spjirren waakse en lytse hauken har rûntsjes boppe draaie, blokmieskes lispelje tusken de struken dêr’t patrizen en kninen ûnder ferside krûpe; mar no begjint in somberder en gaadliker dei en wurdt in oare soarte fan skepsels wekker om de betsjutting fan ’e natuer ta útdrukking te bringen.’
Op Roel Slofstra syn lêste cd ‘Wis en wrachtich ‘ stiet it liet ‘Ofskied’. It giet oer de dea fan syn mem. It is in skerp en ûntwapenjend portret fan syn mem, himsels en de dea, in prachtich lichtfuottich liet:
‘De dea hat net in ûndertoan
Is spikerhurd, seit deagewoan
’t Is op, dyn tiid is kommen
Mar tsjin ús mem koe er net op
Dat hat er grif fernommen
Want doe’t ik by de kiste stie
ferslein om’t ik gjin mem mear hie
Lei der in frou mei graasje
Dat seach elts dy’t fan har hold
En meirûn yn ’e staasje
Vive la mêre
Sa kaam se en sa is hja gien
En by myn witten hiel foldien
Mar wa sil dat beäme
In elk nimt syn geheimen mei
Foar my bliuwt mem in dame
Vive la mêre
Ynienen is it safier en dan wer dagen, wiken, moannen, in jier of noch langer net. Soms duorret it jierren, soms hast in minskelibben foar’t it der oan ta is, datst komst en rekkest wêr’t it om giet: datst dy weromlûkst, datst rêstich wurdst, datst dy konsintrearje kinst, datst krêft en waarmte fielst, datst dysels fielst, dyn ferhâlding ta it libben en de wrâld, datst by dysels komt, by dyn taal, dyn styl, dyn foarm, wat dy byinoar hâldt.