Piter Boersma

Foaropwurd 120

logo.ensafh

Mei fleanend findel ha wy de frije wiken achter ús litten en ús set ta in nije Farsk. Hjir is der, mei poëzy (fan de nije dichters Teije Idzardi en Hiltsje Jongsma) , kollums (fan Skermer en Jelma Knol), ferhalen (fan fêste man Jouke Hylkema en nei in hiel skoft wer fan Henk Wolf), in besprek fan ús fêste besprekker Rieuwert Krol en de Midfryske toanieltekst Waatze Gribberts Brulloft, troch Eric Hoekstra fan kommentaar foarsjoen en omstavere nei it Frysk fan hjoeddedei.